Liveblog | 20 novimber 2021

Coronanijs 20 novimber: 21.873 nije coronabesmettingen | Sportklups stjoere wedstriden út

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 20 novimber 2021, 22:34
sneon 20 novimber 2021
22:31

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
18:11

Fries Verzetsmuseum: "Ferlikings mei Holocaust kwetsend"

De Nederlânske oarlochsmusea binne net bliid mei de ferlikings tusken de coronamaatregels en de Holocaust. Se skriuwe dat yn in iepen brief dy't ek troch it Fries Verzetsmuseum ûndertekene is.
"Wie kritiek heeft, kan zijn of haar stem laten horen. Maar laten we de discussie voeren zonder oneigenlijke vergelijkingen te gebruiken en zonder het ongekende leed van eerdere generaties te bagatelliseren", sizze se.
16:26

Kreatyf fuotbal sjen

It bloed krûpt wêr't it net gean kin, seker foar fuotbalfans. Op ferskate plakken sjogge supporters op kreative wize dochs harren klup yn aksje kommen.
16:07

Sinteklaas komt oan yn lytsere doarpen

De yntocht fan Sinteklaas; guon doarpen en stêden fûnen it wol ferantwurde, oaren net. Sa hie der hjoed in yntocht yn Lippenhuzen wêze sillen, mar troch de hege besmettingssifers yn it doarp koe dat net trochgean. Yn Haskerhorne gie it Sint Feest troch corona ek net troch, mar hjoed hat Sinteklaas dochs noch op besite west yn it doarp. Hy ried yn 'e koets by alle huzen del riden.
© Noordernieuws
15:15

992 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 992 nije coronabesmettingen fêststeld, dat meldt it RIVM. Lanlik binne der 21.873 besmettingen fêststeld.

Twa stjergefallen

Der is yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Noardeast-Fryslân en Waadhoeke.
14:57

Sportklups stjoere wedstriden live út foar publyk

No't der gjin publyk mear by de sportwedstriden wêze mei, stjoere hieltyd mear sportklups de wedstriden live út.