Puzelboek yn it Frysk meitsje wie puzel op himsels

Leafhawwers fan puzels en de Fryske taal koenen dy twa hobbys faak net kombinearje. Genôch puzelboekjes fansels, mar dy binne der benammen yn it Nederlânsk. Dosinte Frysk Gerbrich de Jong hat har hobbys wol kombinearre. Dat hat sels in Frysk puzelboek opsmiten.
It Lyts Frysk Puzelboek fan Gerbrich de Jong © Eigen foto
Se mei graach puzelje. "Benammen as ik wat langer achterelkoar frij ha. Onze Taal hat moaie boekjes bygelyks. Dy puzels kinst allinnich oplosse mei kennis fan de taal."
It hat De Jong ynspirearre. "Ik tocht: hoe aardich soe it wêze as je dit ek yn it Frysk hienen? No, dat koe ik moai dwaan yn coronatiid. Ik ha der in bytsje in hobbyprojektsje fan makke."
It wie in hiel kreatyf proses, omskriuwt De Jong. "Ik ha in Word-bestân iepene en fan alles betocht. Dêr hie ik dan faak it Frysk hânwurdboek by. Dan kinst bygelyks sykje op wurden dy't einigje op -sk. Ik neam mar wat. Sa hie ik wat helpmiddels derby."

Puzel op himsels

Puzels lykas kryptogrammen hearre net ta De Jong har favoriten, dus dy steane ek net yn it Lyts Frysk Puzelboek. Wat dan wol? "Wudoku's bygelyks. Dat binne eins sudoku's, mar dan mei letters. Dan moatst wurden fan njoggen letters foarmje, mar wol njoggen ferskate letters. Om dy te meitsjen, ha ik ek yn it wurdboek oan it sykjen west nei wurden mei njoggen ferskate letters. Isogrammen binne dat." It meitsjen fan de puzels wie dus eins in puzel op himsels.
Gerbrich de Jong mei har Lyts Frysk Puzelboek © Eigen foto
Njonken de wudoku's steane der ek rebussen, sprekwurdpuzels en kategorysikers yn. "Dan krijst trije wurden te sjen dy't ta in bepaalde kategory hearre. It is in grut ferskaat, ik ha besocht om safolle mooglik ferskillende puzels te meitsjen."
It wurk fan De Jong is yntusken te finen yn guon boekhannels, lykas dy fan de Afûk. "Ik tocht: wat soe it moai wêze as net allinnich myn eigen studinten, mar ek oare minsken dit dwaan kinne. Ik fyn it fantastysk, ik hoopje dat minsken der aardichheid oan ha."