Q&A: "LDODK wol nei de top fan de Kuorbal League"

Kin LDODK, dat sûnt 2012 útkomt yn de Kuorbal League, dit seizoen meidwaan oan it kampioenskip? Ferslachjouwer Freark Wijma taksearret de kânsen fan de topploech fan De Gordyk/Terwispel.
Freark Wijma © Omrop Fryslân
Wat hâldt de Kuorbal League yn?
"Sûnt 2005 hat de KNKV (Koninklijk Nederlands Korfbal Verbond) in topkompetysje oprjochte foar sealkuorbal. Dêryn spylje de bêste tsien teams út Nederlân. Kuorbal wurdt hjoed-de-dei spile yn 69 lannen op de wrâld. De Kuorbal League is op dit stuit de sterkste kompetysje."
Hoe bysûnder is it dat LDODK meidocht?
"LDODK is de kuorbalploech út Terwispel en De Gordyk. Sy binne oant no ta de iennige Fryske ploech op it allerheechste nivo. LDODK wist yn 2012 promoasje ôf te twingen troch yn de haadklassefinale tsjin OVVO (Maarssen) de winst te pakken yn Papendrecht."
"Erwin Zwart waard doe topskoarder en is no oanfierder. Oant no ta is it tredde plak yn de einstân it heechste dat LDODK helle hat. Op dit stuit is Femke Faber de iennige Fryske ynternasjonal."
Wat binne de kânsen foar LDODK, binne se favoryt?
"Dit seizoen binne der twa útsprutsen favoriten foar de finale yn Ahoy op 16 april. Dat binne PKC (regearjend kampioen) út Papendrecht en Fortuna út Delft. Dy ploegen hawwe fierwei de measte ynternasjonals yn de seleksje. Mar ek LDODK hopet in rol te spyljen yn de striid om de lânstitel."
"Foar de oare play-off-plakken komme meardere teams yn oanmerking. DVO, KZ, Blauw Wit (A) en DOS'46 binne kandidaat, mar ek LDODK en KCC kinne op papier yn de top 4 einigje. De keunst dit seizoen is om yn de earste pûlfaze by de bêste trije te kommen. Dêrnei is yn de kampioenspûl alles noch mooglik."
Femke Faber yn aksje op it EK kuorbal © Marco Spelten, Actiefotografie
Wat hast sels mei kuorbal?
"Sels ha ik fan myn achtste jier ôf kuorballe by de Flamingo's út Bûtenpost. As junior ha ik yn it Fryske team spile en yn de noardlike seleksje. Doe't ik op myn 18de nei It Hearrenfean ferhûze, fanwegen myn CIOS-oplieding, bin ik lid wurden fan Blauw Wit (H). Tsjintwurdich hjit dat KV Heerenveen. Mei dy ploech ha ik yn 'e oergongsklasse spile, dat wie doe it ien-nei heechtse nivo."
"Op it CIOS ha ik ûnder lieding fan âld-bûnscoach Harry Dassen myn kuorbaltrainersdiploma helle. Doe't ik op myn 29ste sportferslachjouwer by Omrop Fryslân waard, ha ik myn kuorbalkarriêre ôfboud by it midweekteam fan de Flamingo's."
Ta beslút, wat is sa moai oan kuorbal?
"Kuorbal is in attraktive sport, dêr't manlju en froulju mei-inoar op lykweardich nivo prestearje kinne. Je moatte sawol oanfalle as ferdigenje kinne, om't je hieltyd nei twa doelpunten fan fak en funksje wikselje moatte. It spultsje bestiet út in oanfalsfak en in ferdigeningsfak. De toppers binne dan ek tige allround atleten."
"It is in net-olympyske sport mei de A-status fan NOC*NSF en fanwegen it mingde karakter stiet sealkuorbal op de nominaasje om olympysk te wurden."
"Neist Nederlân en België is de sport yn Taiwan en Sina dwaande mei in geweldige ûntwikkeling. Ek Dútslân, Ingelân en Portugal meitsje in opmars. Sealkuorbal is in flugge sport mei in soad aksje en yn Nederlân heart kuorbal by de meast besochte sealsporten kwa takôgers-oantallen, lanlik sjoen."
"Yn sportsintum Kortezwaag kinne maksimaal 1.400 taskôgers. De hal hat yn it ferline al meardere kearen stiif útferkocht west, dus dat seit wol genôch oer de populariteit. Se sjogge no sels nei mooglikheden foar in nije, gruttere akkommodaasje."
LDODK'er Erwin Zwart ferline jier tsjin Fortuna © www.orange-pictures.nl
Dizze teams sitte yn de Kuorbal League yn it seizoen 2021/2022:

Kuorbal League 2021/2022

Pûl A Pûl B
1. Fortuna (Delft) 1. PKC (Papendrecht)
2. Blauw Wit (A'dam) 2. DVO (Bennekom)
3. LDODK (Gorredijk) 3. DOS'46 (Nijeveen)
4. KCC (Capelle a/d IJssel 4. TOP (Sassenheim)
5. KZ (Koog a/d Zaan) 5. Groen Geel (Wormer)
6. Dalto (Driebergen) 6. Oost-Arnhem (Arnhem)
Nei 10 wedstriden komme de boppeste trije teams fan pûl A en B yn in kampioenspûl, de ûnderste trije ploegen komme yn in degradaasjepûl. Dêrnei spilet de top 4 fan de kampioenspûl de play-offs om de nasjonale titel. De finale is op 16 april 2022 yn Ahoy Rotterdam.
Oan de ein fan it seizoen sille trije ploegen degradearje nei de haadklasse. De kampioen fan de haadklassefinale promovearret nei de Kuorbal League. Sa komme der takom seizoen wer tsien ploegen út yn de Kuorbal League, yn stee fan 12 teams dit seizoen.
Sjoch ek op de webside Korfballeague.nl.
LDODK spilet dizze sneon yn Capelle aan den IJssel de earste wedstriid tsjin KCC. Dy wedstriid begjint om 20.00 oere.