Sûnder topskoarer en publyk boekt Aris tredde oerwinning op rige

De basketballers fan Aris ha freed mei úteinlik grutte sifers wûn fan The Hague Royals. Nei in matich begjin stelde de ploech fan Vincent van Sliedregt oarder op saken troch 21 punten op rige te skoaren. Einstân wie 91-75.
Van Sliedregt koe gjin berop dwaan op Ar'mond Davis, dy't mei gemiddeld 15,1 punten de wedstriid topskoarer is by de Ljouwerters. Dat like Aris oan it begjin fan de wedstriid op te brekken. De Ljouwerters kamen mar ta fyftjin punten yn it earste kwart en seagen tsjin in efterstân fan seis punten oan.
Dat ferskil waard healwei it twadde kwart noch wat grutter en Den Haag pakte in maksimale foarsprong fan tsien punten. Dêrnei begûn it stadichoan te draaien by Aris. Benammen Ryan Logan fûn de basket gauris. De stân by it skoft wie 35-37.

Run fan 21 punten

Yn it tredde kwart bleaunen de twa ploegen earst noch behoarlik yn lykwicht, mar oan de ein rûn Aris út rap út nei in flinke foarsprong. Fan 52-53 gong it nei 67-53: fyftjin punten op rige foar de Ljouwerters. Dêr kamen oan it begjin fan it fjirde kwart nochris seis punten by.
De wedstriid wie doe spile. De maksimale foarsprong fan Aris wie 24 punten. Van Sliedregt wist dat de oerwinning binnen wie en koe al syn spilers wat minuten jaan.
Ryan Logan wie topskoarer by Aris mei 24 punten © Dijks Fotografie
Topskoarer oan de kant fan de Ljouwerters wie Ryan Logan mei 24 punten. Quin Cooper (15) en José Dimitri Maconda (13) einigen ek yn de dûbele sifers. Shaq Doorson kaam net fierder as fiif punten, mar hie wol tolve rebounds.
De Nederlânske klups yn de BNXT League meie sels kieze oft se dizze wiken har thúswedstriden trochgean litte. As klups net sûnder publyk spylje wolle, dan meie se de wedstriden letter ynhelje. Aris hat besletten om de iennige thúswedstriid yn dizze perioade wol trochgean te litten.