Trochsneed Friezen prate oer it Frysk: "We moatte der no by wêze"

19 nov 2021 - 21:28

Hoe tinke 'gewoane' Friezen oer it Frysk en de takomst fan har taal? Fine se it Frysk wichtich? Prate se it mei har bern? Mei freonen en famylje? Yn de Trynwâlden is takom jier de primeur fan in Brede Maatskiplike Diskusje oer it Frysk om antwurden te krijen op sokke fragen.

Willem Verf - Foto: Omrop Fryslân

De bedoeling is dat dêr in gearkomste komt foar sa'n tritich minsken fan tusken de 20 en 30 jier. Mei as doel dus om út te finen hoe't men tinkt oer it Frysk. De proef moat in oanjager wêze foar folle mear fan sokke gearkomsten troch de hiele provinsje.

Willem Verf fan de stichting BMD Frysk besiket al skoften om sa'n diskusje op gong te bringen. De provinsjale polityk bleau huverich, mar no komt it der lang om let fan. "Guon saken ha tiid nedich", ferklearret Verf de lange oanrintiid.

Mei de trochsneed Fries

De reden dat er Verf hjir sa lang mei dwaande bleaun is: "Der wurdt in hiel soad praat oer it Frysk, mar dat binne faak petearen mei minsken dy't beliedsmjittich mei de taal dwaande binne, foar har berop. Mar it wurdt tiid dat we mei de trochsneed Fries prate."

Dan wurdt it heech tiid dat dat dúdlik wurdt!

As bliken docht dat de Friezen ûnferskillich binne, makket dat de diskusje net minder weardefol, seit Willem Verf

Dat moat in byld jaan fan wat dy trochsneed Fries, foar safier't dy bestiet, fynt fan de taal en de takomst derfan. "De Fryske taal driget ús no te ûntkommen. Hoe kinne we der no foar soargje dat we it yn gebrûk hâlde", freget Verf him ôf.

En as út al dy gearkomsten bliken docht dat it de Fries hielendal net safolle skele kin? "Dan wurdt it heech tiid dat dat dúdlik wurdt! Mar wy binne dêr net sa somber oer."

No derby wêze

It giet ek om bewustwurding, neffens Verf. "In fisk wit net dat er yn wetter swimt. De measte Friezen dy't alle dagen it Frysk brûke, tinke der ek net oernei hoelang't dat sa bliuwt. Mar we witte dat 80 prosint fan de basisskoallebern hjir Nederlânsk praat mei leeftiidsgenoaten. Dêrom moatte we der no by wêze."

It wie al langer de bedoeling dat de Brede Maatskiplike Diskusje úteinsette soe. Yn 2020 wienen der al plannen, mar fanwege it coronafirus is it mear as ien kear útsteld. Yntusken is de finansiering ek rûn: de stichting hat 3.000 euro subsydzje fan de provinsje krigen en in bydrage fan 2.000 euro fan it Jan Roelof Geertsmafonds.

Yn totaal wol Verf sawat tritich gearkomsten hâlde troch de hiele provinsje. De earste dus yn de maitiid yn de Trynwâlden. "We moatte in represintative groep minsken ha. Gjin minsken dy't op foarhân sizze dat it Frysk neat is, mar ek net de minsken dy't ôfgryslik pro-Frysk binne. We sykje minsken dy't it Frysk wol alle dagen brûke, mar net fanatyk foar of tsjin binne."

Alle gearkomsten moatte in goed byld opsmite. "It resultaat wolle we oanbiede oan de provinsjale polityk. Sa kinne we sjen litte hoefolle draachflak oft der foar it Frysk is en watfoar maatregels dêrop oanslute. It moatte net altyd mar maatregels wêze dy't fan boppen ôf betocht binne, mar dy't oanslute op wat minsken dwaande hâldt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)