Fryske busbedriuwen sjogge krystmerktripkes nei Dútslân as reek ferfleanen

Busbedriuwen fernimme dat der folle minder reservearringen binne foar reiskes nei krystmerken yn Dútslân as oars. Dêr't Paulusma Reizen fan Drachten oars sa'n 15 bussen op 'en paad hie, giet it bedriuw no mar mei twa bussen nei krystmerken.
In krystmerk yn coronatiid © ANP
It docht bliken dat it foar reizgers ûndúdlik is oft de merken wol trochgean en watfoar coronaregels der krekt jilde. By Paulusma yn Drachten binne der oars trije meiwurkers oan it wurk om de reservearringen te behanneljen. Mar op dit stuit sit der mar ien meiwurker om de telefoan op te nimmen.
Minsken witte net goed wêr't sy oan ta binne, tinkt ek Paulusma. Yn de dielsteat Beieren binne bygelyks alle merken skrast, mar yn in oare dielsteat kin it wer oars wêze.
© Omrop Fryslân
Fan snein ôf sjocht Dútslân Nederlân wer as in saneamd 'heechrisikogebiet', fanwegen it oprinnende tal coronabesmettingen. Wa't nei Dútslân wol moat him op ynternet registrearje. As minsken net in faksinaasje- of werstelbewiis uploade kinne, moatte sy earst in karantêne.