Mooglik ferkearsbegelieding foar kontenerskippen boppe it Waad

19 nov 2021 - 19:03

In farferbod foar grutte kontenerskippen by min waar boppe de Waadeilannen wie en bliuwt net helber, lit it demisjonêre kabinet de Twadde Keamer witte. Der wurdt lykwols wol ekstra ynset op in foarm fan ferkearsbegelieding foar alle kontenerskippen.

Foto: Havariekommando

De Onderzoeksraad voor Veiligheid (OVV) advisearret dat grutte kontenerskippen dy súdlike rûte, dy't it tichtst by de Waadeilannen leit, better net brûke kinne by in noardwesterstoarm. De Twadde Keamer woe sa'n ferbod ek graach ynfiere.

Oanlieding dêrfoar wie de ramp mei it kontenerskip MSC Zoe, dat begjin 2019 mear as trijehûndert konteners ferlear troch problemen mei it minne waar. It ferliezen fan dy konteners soarge foar in gaos yn see en op de strannen.

Undersyksried: kâns op nij ynsidint grut

Neffens in OVV-rapport is de kâns op noch sa'n ynsidint grut, salang't kontenerskippen dy súdlike rûte brûken bliuwe. Frachtskippen kinne ek in mear noardlike rûte nimme.

Earder dizze moanne sei de ûndersyksried noch dat it ministearje mear dwaan kin mei de oanbefellings dy't dien binne. De OVV wiisde der bygelyks op dat der folle fiergeandere maatregels mooglik binne as dat it ministearje seit.

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat liet earder yn in reaksje op it rapport witte dat it dreech wurde soe om skippen te ferbieden om de súdlike rûte te nimmen. It giet nammentlik om in ynternasjonale skipfeartrûte. Om dat ôf te sluten, is oerienstimming nedich fan de ynternasjonale maritime organisaasje (IMO).

Ministearje: 'Net in soad kâns'

"Het ontbreekt hiervoor echter aan draagvlak bij de buurlanden Duitsland en Denemarken, zoals gebleken is uit meerdere gesprekken", skriuwt demisjonêr minister Barbara Visser no yn in brief oan de Twadde Keamer. "Een dergelijk voorstel zou in IMO ook weinig kans maken, zo heeft een peiling bij IMO uitgewezen." Hielendal nij is dat net, want ek har foargonger, minister Cora van Nieuwenhuizen, hat earder witte litten dat Dútslân en Denemarken hjir net oan meiwurkje woenen.

Nederlân wurket wol mei Dútslân en Denemarken oan in oanbefelling foar de IMO om skippen in oare rûte nimme te litten. Dêrby wurdt wiisd op de wichtige natuerstatus fan it Waadgebiet.

Kustwacht jout advys

No is it noch sa dat de Kustwacht allinnich noch mar advys jaan kin as in skip by Teksel kiest tusken de noardlike of súdlike farrûte boppe de Waadeilannen. De Kustwacht jout in driuwend advys foar de noardlike rûte by stoarmwaar. Mar omdat it 'mar' in advys is, hoege skippers har dêr net oan te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De minister set wol in stap op wei nei in foarm fan ferkearsbegelieding fan kontenerskippen boppe de Waadeilannen. Soks wurdt ek wol Vessel Traffic Service (VTS) neamd en wurdt benammen brûkt by hiele drokke havens of farwegen. Omdat de twa Noardseerûten boppe it Waad ynternasjonale wetters binne, kin soks hjir net ferplichte wurde.

In frijwillige VTS is wol mooglik en wurdt yn 'e regel ek goed opfolge, sa docht bliken út in nij rapport fan Arcadis. It meast logyske is om sa'n frijwillige VTS yn te stellen op in plak foardat de kapitein fan in kontenerskip de kar makket foar de súdlike rûte krekt boppe de eilannen of de noardlike rûte fierderop.

Folgjende stap

Minister Visser set dêrom no in folgjende stap; sy lit útsykje wat der nedich is foar dizze ferkearsbegelieding en hoefolle tiid oft it kostet om soks yn te fieren. Sy hopet dêr de Twadde Keamer foar july oer by te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)