Ferpleechkundigen MCL slachtoffer fan bedrigingen: "Guon binne eangstich"

Ferpleechkundigen fan it MCL yn Ljouwert ha hieltyd faker te krijen mei besikers dy't har ferbaal en fysyk agressyf gedrage. De impact op it wurk fan de ferpleechkundigen is grut. "Krekt no't je dat net ha kinne."
Ferpleechkundigen komme hieltyd faker yn ferfelende situaasjes:
"Dat is echt gebrek oan respekt", seit ferpleechkundige Henk Holthuis. Hy wurket op ien fan de ferpleechôfdielingen yn it sikehûs. "Sokke ynsidinten kinne gewoan net."
Om him hinne sjocht Holthuis dat de agresje in grutte impact hat op de minsken dy't it oerkaam is. "Se fiele har ûnrespektfol behannele. It hat as gefolch dat guon eangstich binne en dat smyt mear syktefersom op." Dat is noait goed, mar de sikehûzen kinne dat no hielendal net goed brûke.
By de ynterne arbotsjinst binne de lêste pear wiken al fyftjin meldingen binnenkaam oer bedrigingen. It giet dan om minsken dy't ferbaal agressyf wurde, om't se in mûlkapke drage moatte of dat se mei te folle minsken op besite binne by in pasjint. It is ek foarkaam dat ferpleechkundigen beflibe binne troch besikers.

'Hâld dy oan de regels'

Holthuis begrypt dat minsken guon regels net leuk fine: "Je wolle graach by heit, mem, of wa dan ek op besite. Mar dat kin no net sa as it yn it ferline wol koe. Der binne regels. Dêr moatte jo je oan hâlde."
Dochs wolle guon minsken alle kearen wer de diskusje oangean mei de ferpleechkundigen. Dy ha har nocht, seit Aukje Corbée fan de Verpleegkundige Adviesraad (VAR) fan it MCL: "Spitigernôch sitte we yn dizze tiid. Dy diskusje alle kearen wer oangean kostet in soad tiid en enerzjy. Dat is net dêr't we hjir foar stean. We stean foar de pasjinten."
Letter die bliken dat er posityf teste op corona en dat hy nei alle gedachten meardere pasjinten besmet hat.
In besiker woe gjin mûlkapke drage en dat hat in soad gefolgen hân, seit ferpleechkundige Henk Holthuis
It net dragen fan mûlkapkes kin ek konsekwinsjes ha, seit Holthuis: "Ferline wike woe in besiker gjin kapke drage. Dy gie yn diskusje en der is in befeiliger bykaam. Letter die bliken dat er posityf teste op corona en dat hy nei alle gedachten meardere pasjinten besmet hat. Ien persoan is oergien nei in refalidaasjeôfdieling en dy sitte no allegear yn karantêne."

Soarch wer ûnder druk

De soarch dêrfoar komt wer ûnder druk te stean. It tal coronapasjinten nimt wer ta en dêrmei ek de soarchfraach, seit Corbée: "Dat hat impact. Der wurdt op it stuit in soad frege fan de meiwurkers. Dan is dit net wat dat we derby ha wolle."
Itselde lûd komt ek út it Antonius Sikehûs fan Snits. Sûnt koart stiet ek dêr in befeiliger by de doar. Dy moat geregeld minsken oansprekke op it feit dat se gjin mûlkapke drage. It komt ek foar, lit in wurdfierder witte, dat in besiker nei in lange diskusje de doar wiisd wurdt.