Ofsletten brêge ferdielt ynwenners Aldeboarn

In groep fan mear as 450 ynwenners fan Aldeboarn hat in petysje ûndertekene om de Doelhofbrêge yn it doarp wer te iepenjen foar autoferkear. De bewenners fan it noardlike part fan it doarp moatte no twa kilometer omride om by de fasiliteiten te kommen.
Dêrneist soarget it omriden neffens guon foar oerlêst yn oare parten fan it doarp:
De brêge waard yn jannewaris fan dit jier troch de gemeente Hearrenfean ôfsletten om de ferkearsfeiligens en de leefberens yn it doarp te fergrutsjen. De gemeente hie dêrfoar advys frege oan de plysje en it Doarpsbelang Aldeboarn. Beiden joegen in posityf advys.
It doarpsbelang die dat nei't se in enkête ôfnaam hiene ûnder de ynwenners. Dêrút die bliken dat 55 persint fan de ynwenners foar it ôfsluten fan de brêge wie. Gerrit Sotthewes, ien fan de oanjagers fan de aksjegroep, hat syn fraachtekens by dy enkête.

'Gjin mooglikheid ta diskusje'

"Die 55 procent is een optelsom van zuid en noord", seit hy. Neffens him wie der oan de noardkant, dêr't de minsken dus omride moatte, hielendal gjin mearderheid foar it plan.
Boppedat wie it neffens Sotthewes yn it foar net dúdlik wat der mei de útkomsten fan de enkête barre soe. "Mensen werden verrast: oh, de brug gaat dus dicht. Zonder dat er tussentijds nog een mogelijkheid tot discussie was", seit hy.
Se hearre net nei de minsken. Se dogge wat se sels wolle.
Ien fan de omwenners is kritysk op pleatslik belang
"As je in pleatslik belang hawwe, dan moatte je nei de minsken harkje. Mar dit is 'eigen belang', want se hearre net nei de minsken. Se dogge wat se sels wolle", seit ien fan de omwenners.
It doarpsbelang is fernuvere dat der no ynienen krityk komt. Neffens harren wie der genôch tiid om beswier te meitsjen.

Lockdown

"Wat ús wol foar de fuotten rûn wie de lockdown. We hiene der noch graach in ledegearkomste oer hân. Dat hat net plakhân", seit Jan de Kam, foarsitter fan it doarpsbelang. "Yn plak dêrfan hawwe we de enkête sa útwreide mooglik gearfette yn in útslach. Dat hawwe we rûnstjoerd by de Boarnsters."
"We hawwe ek noch frege: as jimme noch opmerkings of fragen hawwe, stel se asjebleaft. Dêr is hast neat oant neat útkaam", seit De Kam. "As der ek mar ien of twa fan dat soarte fan opmerkingen op stien hiene, dan hiene we der wat mei dien. Mar dat wie blykber net oan de oarder."

Gemeente feroaret beslút net

De gemeente Hearrenfean jout oan begryp te hawwen foar de tsjinstanners, mar wiist derop dat der ek in soad foarstanners binne. Neffens de gemeente is de leefberens en ferkearsfeiligens yn it doarp fergrutte. Sy sjogge dêrom gjin reden om it beslút te feroarjen.