Skieppewol fan It Amelân net mear weismiten, mar op 'e nij brûkt

It wol fan de skiep op It Amelân wurdt tenei net mear fuortsmiten, mar op 'e nij brûkt foar toeristeprodukten en as isolaasjemateriaal. Yn it lânbou- en juttersmuseum Swartwoude steane dêr spesjale masinen foar. Stichting Amelander Musea hat hjir de LF2028-priis foar wûn.
Freedtemiddei kaam de nije wolmasine oan op it eilân:
Op it eilân kuierje sa'n 5.000 skiep om. De facht fan dizze skiep kin fan maaie ôf mei spesjale wolmasinen omset wurde sa't it wer brûkt wurde kin. Wat der oerbliuwt, kin as isolaasjemateriaal tsjinje. Op dy wize krije de boeren ek in nette priis foar de wol, sa is de gedachte.
Skiep op It Amelân © Shutterstock.com (R. de Bruijn_Photography)
De wolmasinen moatte noch wol yninoar set wurde yn it museum yn Buren. Dêrom duorret it nei alle gedachten noch in healjier foar't de masinen echt yn aksje komme kinne.

Oanmoedigingspriis

Direkteur William Beijaard hat 2028 euro krigen foar it projekt mei de LF2028-priis yn de Waadregio. Dat is in oanmoedigingspriis fan it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje en LF2028. It projekt fan Swartwoude hat earder subsydzje krigen.
Direkteur William Beijaard fan Stichting Amelander Musea mei de sjek © Omrop Fryslân
Direkteur Immie Jonkman fan Arcadia (LF2028) en Judith Baarsma fan Keunstwurk foarmen de sjuery. Sy binne te sprekken oer de sirkulêre tapassing fan it âlde ambacht fan wolferwurking. De sjueryleden hoopje dat it priisjild ynset wurdt foar de gearwurking mei keunstners en ûntwerpers.