Justysje easket 30 moannen sel foar ferkrêfting 16-jierrich famke

Tsjin in 44-jierrige man fan Koatstertille is 30 moannen sel easke. De man wurdt fertocht fan de ferkrêfting fan in 16-jierrich famke.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte soe it nichtsje fan syn eks-partner ferline jier yn febrewaris ferkrêfte ha. Oer de oanjefte seit de man dat it giet om in wraakaksje. Hy hie earder in relaasje mei de mem fan it famke, syn eks-partner is de sus fan de mem.
Neffens saakkundigen is it ferhaal fan it famke oer de nacht wierskynliker as de ferklearring fan de fertochte. De offisier fan justysje giet dêryn mei.