Direkteur GGD Fryslân: "Wy rinne tsjin de grinzen fan it testsysteem oan"

It tal coronabesmettingen is yn de ôfrûne wike mei in fjirdepart tanommen. Trochdat hieltyd mear Friezen har teste litte, rûn GGD Fryslân dizze wike tsjin de maksimale kapasiteit oan.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân © Omrop Fryslân
It tal besmettingen naam ferline wike ek ta, doe wie dat mei 80 persint. Dizze wike wie de groei wat minder grut. "Gelokkich, mar wy ha wol wer in rekôrtal positiven. It giet noch hieltyd omheech. Wol wat leger as lanlik, dus ik bin bliid dat it gedrach fan minsken feroare is", seit Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân.

Mear testen

It wie dizze wike drok by de teststrjitten fan GGD Fryslân. Der binne 22.573 testen ôfnommen by Friezen, hast 3.800 mear as ferline wike. "Wy rinne 'piepend en krakend' tsjin de grinzen fan it testsysteem oan. Coronatest.nl is oerbelêst, it callcenter is oerbelêst, yn de teststrjitten steane wer rigen."
Neffens De Graaf wurket it systeem minder goed as de fraach nei testen te heech wurdt. "It rint goed troch as wy op 80 persint fan de mooglikheden sitte, we sitte no oer de 90. Wy moatte hiel hurd bysette, wy dogge der alles oan. Mar moatst der op rekkenje dat it efkes duorret."
De GGD's binne de testkapasiteiten al oan it útwreidzjen, mar dêr moatte ek nije minsken foar fûn wurde. "It personiel is echt wol in probleem. We sjogge wa't we noch ynsette kinne, lanlik wurdt sjoen nei it leger, it Reade Krús. As minsken noch helpe wolle, kinne se har oanmelde."

Twa doarpen yn lockdown

Der wurde hieltyd mear besmettingen fêststeld yn it basisûnderwiis. Yn de twa Fryske doarpen Aldegea (Smellingerlân) en Lippenhuzen wiene dizze wike sa'n soad besmettingen dat se sels keazen ha om yn lockdown te gean.
"As minsken it dêr hiel dúdlik oer iens binne, dan is dat fansels moai. Wy wurdearje it as de mienskip seit 'wy wolle ús ferantwurdlikheid nimme'", seit De Graaf.
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân
De measte besmettingen hienen dizze wike dan ek plak yn de groep bern fan fjouwer oant en mei tolve jier. "Dizze sykte, it is net ebola. Dus moatst altyd ôfwage, hokker belang giet foar. Is it faksinearjen fan bern fan fjouwer oant tolve yn ferhâlding, is it tichtdwaan fan skoallen yn ferhâlding?"
Dêrom stiet de GGD yn kontakt mei skoallen, fertelt De Graaf: "Wy jouwe advys oan de skoallen, en de skoallen jouwe it wer troch oan de âlden fan de bern. Somtiden wurde klassen nei hûs stjoerd om thúsûnderwiis te folgjen. Somtiden wurde klassen nei hûs stjoerd omdat alle bern eins in skoftke yn karantêne moatte."

Noed oer oare leeftiidgroepen

De GGD hat mear soargen oer de oprinnende sifers ûnder de groep sechstigers en santigers. "De sechstich- en santichplussers binne mear in risikogroep. As dy slim siik wurde hawwe se somtiden dochs wat mear soarch nedich, en dy druk op de soarch is echt heftich op dit stuit."