De toan fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm: "Boaiem yn sicht"

Der wie in soad om op te reflektearjen dizze wike. Kneppelfreed, it Noordelijk Film Festival, skatgravers dy 't de Fryske begraafplakken ûnfeilich meitsje en hjoed de lansearring fan de webside Frysker.nl op de Fryske taalkundedagen.
Se binne allegear aktueel, mar kinne ek rêstich wachtsje, dat ik stel it bepraten út ta folgjende kollums. Want wat net wachtsje kin oant wy der einlik in kear oan ta binne, is de oanpak fan it klimaatprobleem. Dizze wike dêrom in refleksje op klimaattop COP 26.
De klimaattop yn Glasgow hie ít histoaryske momint wurde moatten, dêr 't wrâldlieders einlings ris echte stappen sette soene om de klimaatkrisis te beheinen. Fan oplossen is fansels al lang gjin sprake mear, inkeld noch 'damage control'. It like der oant it lêste momint op dat men echt ree wie oer te gean ta aksje, mar by it slotakkoart waard dizze aksje dochs noch útsteld. Yn it Ingelsk is dêr in moai wurd foar: procrastination.
Utstelgedrach is minsklik, mar yn dit gefal destruktyf. 'Fan útstel komt ôfstel', wurdt ús al betiid yndruid, en hoe mear ik dêr oer neitink yn de kontekst fan it klimaat, hoe wranger ik dat fyn. Wat is der bard mei ús wiisheden as 'foarkomme is better as genêze', 'sêfte hielmasters meitsje stjonkende wûnen', 'de oanfal is de bêste ferdigening' en ús jongste sprekwurd 'action, action, action'?
Begryp my net ferkeard, ik haw der in soad respekt foar dat alle partijen oan board hâlden binne by ûnderhannelingen ta in mienskiplik akkoart. In prestaasje dy't de priis wurdich is, mei safolle ferskillende lannen. Lit stean mei safolle ferskillende belangen alteast op hiel koarte termyn. Op lange termyn is der mar ien belang, en dat mienskiplike belang is al lang net mear te ûntkennen.
Faaks is it belang sa grut, dat it te abstrakt is. Wy fine it dreech om it abstrakte, it teoretyske te befetsjen. As wy dêr gjin konkrete foarbylden by sjogge, is it makliker aksje út te stellen. "Gelokkich", tusken oanhellingstekens, binne dy foarbylden der. De Nederlânske reedriderskultuer driget te ferdwinen troch klimaatferoaring, en dat berjocht slacht miskien yn ús lân wol mear oan as de hartegjalp fan in wiete premier op Tuvalu.
Ynienen begripe wy dat it abstrakte klimaat konkreet gearhinget mei ús eigen libben. En dat eigen libben litte we net samar feroarje. Net troch in feroarjend klimaat, mar ek net yn de striid tsjin feroaring fan it klimaat, sels net as de oanpassing lyts is en it effekt grut. Oanpassing stelle we leaver út, dat is op koarte termyn nofliker.
Dat klinkt alwer abstrakt. Witte wat better is foar de lange termyn, mar dochs op koarte termyn in oare kar meitsje. Mar ek hjir komt it nijs gelokkich mei in konkreet foarbyld fan dizze tiid.
Yn in artikel dêrtst fuort sin oan krijst om snobbersguod yn 'e hûs te heljen, lizze wittenskippers út wêrom't we in skaaltsje pipernuten yn ien kear leechite moatte. Us holle en ús hân sizze 'action, action, action ', sels al witte we dat mislikens folget. It komt troch boaiemdriuw, in ympuls dêr 't wy noch net oan foarby evoluearre binne.
'It is de skuld fan de evolúsje ' is it wittenskiplik ferantwurde ekskús datsto en ik brûke kinne as wy werris it lêste pipernutsje út it skaaltsje pakt hawwe. Dit ynstinkt wurdt neffens de wittenskippers nochris fersterke troch in gefoel fan krapte. Omdat it sinteklazesnobbersguod net it hiele jier troch te krijen is, moatte we se sadree't it der is massaal ynslaan en foaral gau opite.
Soe dat ek ús probleem wêze mei de ierde en de grûnstoffen, dat wy tsjin better witten yn lêst hawwe fan boaiemdriuw? Dat wy troch krapte alles opmeitsje moatte, ek al wurdt de wrâld der siik fan? Ek hjir hat ús taal in wiis wurd tsjinyn te bringen: 'Wa't wat bewarret dy hat wat.'