Húsdieren hawwe no al stress fan fjoerwurk

Hûnen, katten en kninen dy't benaud binne foar fjoerwurk moatte no al taret wurde op âldjiersjûn. Diereklinyk De Stellingwerven krijt de earste telefoantsjes fan stressproblemen by húsdieren no al binnen.
Diereklinyk De Stellingwerven krijt de earste telefoantsjes al binnen:
Oft der no wol of net in fjoerwurkferbod jildt, knald wurdt der dochs wol. Dêrom is it foar baaskes wichtich om in oplossing te sykjen foar harren húsdier.

Problemen

De ûnrêst fan de knallen kin foar grutte problemen soargje: by de earste knal binne der al hûntsjes dy't sa skrikke dat se net mear nei bûten ta wolle, en dus net mear útlitten wurde kinne.
Foar dat probleem is in oplossing nedich: betiid begjinne mei it wennen oan de knallen kin hiel bot helpe. Sa trainst dyn dierke mei de nije lûden. Njonken it lûd fan it fjoerwurk kin it rûken dêrfan ek eangst jaan, mar wend reitsje oan de nije lûden kin foar de bisten al in soad helpe.

Alle bisten

Njonken hûnen en katten wol de klinyk ek omtinken freegje foar kninen yn it bysûnder, want dy wurde mei âld en nij gauris fergetten.