Coronanijs 19 novimber: 21.099 coronabesmettingen | Soad sport skrast

19 nov 2021 - 22:46

Yn dit liveblog melden wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • 698 nije besmettingen meld yn Fryslân;
  • Der lizze 55 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • Peter van der Wiel krijt earste boosterprik fan Fryslân;
  • Lanlik fjoerwurkferbod by âld en nij;
  • Eksperts roppe it kabinet op om yn te gripen om in soarchynfarkt foar te kommen.

Dit liveblog was ook in het Nederlands te volgen.

22:44
Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.

21:27
Fuotbalklup Dolsterhuzen spilet foarearst net

V.V. Delfstrahuizen hat foarearst oant 24 novimber alle trainingen en wedstriden skrast. It bestjoer fan de fuotbalklup yn Dolsterhuzen fynt it net mear ferantwurde om it trochgean te litten. It beslút is naam 'vanwege de sterk oplopende besmettingen in onze dorpen en binnen de voetbalvereniging.' It bestjoer fan de klup hat mei de KNVB oerlein oer de maatregel.

19:04
Betelle fuotbal krijt lege stadions fergoede

Klups út it betelle fuotbal yn Nederlân hoege net benaud te wêzen foar grutte finansjele skea troch lege stadions de kommende wiken. De oerheid stekt 36 miljoen euro yn in fûns om de gefolgen fan de nijste maatregelen op te fangen. Dat meldt de NOS.

18:39
Skoallen wer iepen

De skoallen De Diamant yn Aldegea (Smellingerlân) en De Flecht yn Lippenhuzen geane moandei wer iepen. Beide skoallen wienen dizze wike ticht fanwegen flinke coronaútbraken.

18:16
"Echt in gebrek oan respekt"

Ferpleechkundigen komme hieltyd faker yn ferfelende situaasjes:

17:01
Wedstriid Harkemase Boys - Ajax Amateurs giet net troch

De wedstriid tusken Harkemase Boys en Ajax Amateurs giet saterdei net troch. Dat komt omdat der corona fêststeld is yn de seleksje fan Ajax Amateurs.

16:45
Skoalle Aldegea (Smellingerlân) moandei wer iepen

De skoalle De Diamant yn Aldegea wie ien fan de basisskoallen dy't ticht wie fanwegen coronabesmettingen. Yn oerlis mei GGD Fryslân hat de skoalle besletten moandei 22 novimber wer iepen te gean, al is 't wol mei strange betingsten.

16:39
Húsdokters krije fan 7 desimber ôf in boosterprik

Húsdokters en meiwurkers krije fan 7 desimber ôf in boosterprik tsjin corona. Der binne 23 sikehûzen yn ús lân dêr't se prikt wurde kinne, yn guon regio's kinne húsdokters en meiwurkers mooglik noch earder in prik krije.

Foto: Omrop Fryslân
16:12
Gemeente Harns hâldt op mei polsbantsjes
15:56
FIDEO: Peter van der Wiel krijt de earste boosterprik fan Fryslân

De earste boosterprik fan Fryslân is hjoed set by de Kollumer Peter van der Wiel. Dat barde yn de nije faksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân yn sikehûs de Sionsberg.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)