Duorsume Fryske sloep ûntbleate op Masters Expo

Lamborghini's en djoere sjampanje, iIn pear meter fierderop de moaiste jurken fan ien fan de ferneamste ûntwerpers fan Nederlân: it is it feestje foar de Nederlanners mei in soad jild op de bank: de Masters Expo yn de RAI yn Amsterdam. In tige geskikt plak om in nije sloep te lansearjen.
In Fryske presintaasje op de Masters Expo yn Amsterdam:
Midden yn hal 11 fan it RAI-kompleks stiet de sloep. Op in stander, ûnder de lampen. It giet om de Ds 680 MB, in folslein 3D-printe sloep fan plestik, makke troch Duurzame Sloepen fan Wâldsein.
Se ha de primeur fan de ûntbleating bewarre foar de beurs. Foar Marieke de Boer en Jörgen de Jong is it in dream dy't útkomt. "We ha der hurd oan wurke. Earjuster wie de sloep pas klear en no leit dy hjir", seit Marieke de Boer entûsjast.

Duorsum konsept

It is wol in gok foar it jonge ûndernimmerspear. Se hawwe in konsept dat duorsum is, mar slacht dat oan tusken alle oare djoere en grutte jachten dy't der lizze? "It is net om 'e nocht om hjir te stean en ja, ús boat hjir is ien fan de goedkeapere. Mar wol folslein duorsum. De measten kinne him nei alle gedachten sa ôfrekkenje as byboat mar wy wolle hjir it konsept ek sjen litte."
Se hawwe der fertrouwen yn, want de dei foar iepening fan de beurs krigen se al entûsjaste reaksjes. Boppedat wie der belangstelling út Monaco, seit De Boer: "Ja, we binne frege oft we it dêr ek sjen litte wolle. Se fine it konsept moai en nijsgjirrich dus dat biedt kânsen."
Skaalmodel fan de sloep © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Friezen rinne der wol om. Fryske ferkeapers binne lykwols seldsum. Yn hal 10 stiet Da Vinci Yachts fan Heech. Direkteur Erik van Veen hat syn nijste boat meinommen. Dy sil foar de keaper op de beurs ûntbleate wurde: "Meestal doen we dat met een doek erover, maar dat gaat hier niet echt. Ik denk wel dat hij aangenaam verrast zal zijn."
Foar Van Veen is it mear as allinnich de Masters Expo. Da Vinci grypt it evenemint oan om mei alle klanten it 20-jierrich bestean te fieren. "Dat moet wel iets ingetogener nu, we zouden een borrel houden, maar ze komen vandaag allemaal langs. Dat vind ik echt leuk en bijzonder."

Jacht fan 440.000 euro

Foar him is de beurs net fuort it plak dêr't hy de measte ferkeapen docht: "Hier is het vooral praten met je klanten. De basis leggen voor later. Er zal vast iemand voorbijlopen die zo 4 ton op tafel kan leggen voor een jacht. Dat is leuk maar ik vind de verbinding met de klant wel zo leuk. Dit jacht ook: volledig in samenspraak met de eigenaar gemaakt."
Dêr hinget dan ek in priiskaartsje oan: 440.000 euro. Mar dan hawwe je in boat dêr't je ek efter wetterskye kinne.
Dat der kwealik Fryske bedriuwen te finen binne, fynt Van Veen spitich: "We zijn nog altijd te bescheiden denk ik. Wij maken in Fryslân mooie producten, dat mag je best tonen. Aan de andere kant: als wij hier de enige jachtbouwer zijn uit Fryslân in dit segment hebben we ook geen concurrentie."

Duorsum is útsûndering

Hoe duorsum de sloep fan Marieke de Boer en Jörgen de Jong ek is, it is net echt it tema fan de Masters Expo. Dat sjocht ek Sandra van der Meer fan de Jonge Klimaatbeweging. Sy is útnûge om de sloep te ûntbleatsjen.
"Dit is wel echt een uitzondering hier op de beurs. Ze zeggen dat ze wat doen aan duurzaamheid maar ik zie het niet echt terug." Dochs hat se hoop: "Als die mensen hier, die waarschijnlijk meer uitstoten dan de gemiddelde Nederlander, zoiets kopen dan heeft dat wel impact."