Liet wol nije generaasje muzikanten ferliede om mei te dwaan

Adri de Boer wûn woansdeitejûn it Fryske sjongfestival Liet. Wêr bliuwt de nije generaasje fan jongere muzikanten dy't yn it Frysk sjonge?
Liet hat it dreech om jonge talinten te finen:
De organisaasje fynt it dreech om nije, jongere muzikanten te finen. Studinten fan de Ljouwerter popakademy kenne it hiele songfestival kwealik. Winner Adri de Boer wurdt as feteraan al Mister Liet neamd. Hy wie al twa kear earder winner en hat yntusken alve kear meidien. Sawiesa binne de sân finalisten allegear de jongsten net.

Wêr binne de jonge muzikanten?

Nij talint moat bygelyks fan de Academie voor Popcultuur komme. Mar dêr hawwe in soad fan de studinten noch nea heard fan Liet. Op de fraach wa't Liet woansdeitejûn wûn hat, witte de measte studinten it antwurd net. Dat komt om't se it hiele festival net kenne.
Studint Nieck de Vries seit: "Ik fyn it wol treurich dat ik der nea fan heard haw. En it is ek wol skande, want ik soe der miskien wol hinne wolle."
De band 2nd TRY op Liet 2021 © Piet Douma
Der sitte foar in grut part net-Fryske studinten op de popakademy. De measten fan har binne dwaande mei muzyk yn it Nederlânsk of it Ingelsk. "Ik denk dat iedereen hier nogal met zijn eigen ding bezig", seit studinte Karry Tichelaar bygelyks.

Ferjonging en fernijjing

De studinten jouwe oan dat se it wol in nijsgjirrich idee fine om wat yn it Frysk te meitsjen en op te stjoeren nei in sjongfestival. It soe ek in moaie opdracht foar yn har lessen wêze kinne, sizze se.
Ien fan de doelstellingen fan Liet is ferjonging en fernijing. En dat is neffens Liet-foarsitter Gerard van der Veer in proses fan lange tiid. By de lêste edysje wiene foar de tredde kear optredens te sjen fan jongere artysten dy't oan inoar keppele wiene. It binne saneamde crossovers, útfierd troch bygelyks singer-songwriter Ginge mei rapper Faske of Iris Kroes mei Wander Kars.
Hoe kin dat no dat de jongere generaasje it Frysk net brûkt?
Gerard van der Veer, foarsitter Liet
"It doel fan dy corossovers is om de gruttere groep fan muzikanten yn Fryslân te ferlieden", leit Van der Veer út. "Want de jonge generaasje brûkt it Frysk faak net yn harren repertoire. Wy wolle harren ferliede om ek Frysktalige nûmers te skriuwen en sa de stap te meitsjen nei Liet."
Dat de feteranen it elk jier sa goed dogge by Liet is ek Van der Veer opfallen: "Je kinne je ôffreegje hoe't it kin dat in âldere artyst foar de tredde kear Liet wint. Miskien leit de oarsaak djipper. By Liet Ynternasjonaal sjogge je dat yn alle oare minderheidstaalgebieten folle mear jongeren yn de minderheidstaal sjonge as hjir yn Fryslân. Je soenen de fraach stelle kinne: hoe kin dat no dat de jongere generaasje it Frysk net brûkt?"

Posters

Wat mear bekendheid jaan oan Liet op de popakademy, mei bygelyks posters, soe helpe kinne, tinke de studinten. Want se binne wol posityf oer meidwaan oan Liet en it sjongen yn it Frysk. Karry Tichelaar: "Ik vind dat je als in een nieuwe stad en provincie komt studeren, dat het dan leuk is om de cultuur mee te maken. En dat je daar inspiratie uit kunt halen."