Kaden Fochtelerfean foar 30 miljoen euro opknapt

It is de grutste put dy't Natuurmonumenten op it stuit ûndernimt; it opknappen fan de kaden yn it Fochtelerfean. Trije jier lyn like it noch ûnmooglik, mar no is der 25 oant 30 miljoen euro fûn om dit wurk út te fieren.
Boskwachter Martin Snip leit it belang fan de rêdingsoperaasje út:
It ferdrûgjen fan it fean kin tsjinholden wurde en dêrmei ek it ôfgean fan in klimaatbom. Yn it fean is nammentlik in soad fan it 'klimaatgas' CO2 opslein en as it fean ferdrûget, dan komt dat frij.

Ferrot hout

It Fochtelerfean is hielendal ôfhinklik fan reinwetter en it fêsthâlden dêrfan. Oan te mei 2014 like it opdielen fan it gebiet yn ferskate parten mei kaden dêr omhinne dêr goed foar te soargjen. Dêrnei is stadich oan dúdlik wurden dat it hout yn de kaden folle earder is begûn te rotsjen as tocht trochdat it simmerdeis hieltiten drûger wurdt.
Wurk oan in proefstik fan in nije kade © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dêrtroch binne de kaden op hûnderten plakken lek slein. It fean om it gebiet hinne is troch ferfeaning en lânbougebrûk fier fuort sakke wêrtroch't it Fochtelerfean no as in drûch eilân dêr boppe sit.

Libjend fean

En dat betsjut dat it gebiet hieltiten fierder ferdrûget wêrtroch't bygelyks de nêsten fan kraanfûgels tagonklik wurde foar rôfbisten en it fean ferdwynt. De maatregels dy't der no komme, moatte dat net allinnich keare, it moat der ek foar soargje dat it fean wer tanimt sadat der saneamd 'libjend fean' ûntstiet dat mei giet mei de wetterstannen yn it gebiet.
Nij fean dat ûntstiet yn it Fochtelerfean © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Al mei al moat der 40 oant en mei 50 kilometer oan kaden oanpakt wurde wêrby't goed sjoen wurde moat dat dêrby net it winterferbliuw fan bygelyks slangen oer de kop giet.

Kraanfûgels

De nije kaden bestean foar in grut part út sân, mar ek út balstienliem (keileem) en fean. Sy komme te stean op in grûnlaach dy't gjin wetter trochlit en binne maklik te reparearjen as der dochs in lek ûntstiet. De hoop is dat dizze put yn 2024 dien is, mar hielendal dúdlik is dat noch net. It is eefkes sykjen wannear't je soks dwaan kinne sûnder dat de natuer der tefolle lêst fan hat.
Benammen de briedende kraanfûgels binne gau fersteurd en no is ek dúdlik dat dizze maitiid in spantsje kloekswannen (wilde zwanen) mei sukses bret hat yn it gebiet. Kloekswannen oerwinterje foar in part ek yn en om it Fochtelerfean.

Elektrysk

It jild komt fan it ministearje fan LNV, de twa provinsjes Fryslân en Drinte plus de belutsen gemeenten en wetterskippen. It wurk wurdt safolle mooglik elektrysk útfierd en it sân komt út in sânwinning tichtby troch in buis sadat se net folle mei frachtweinen hoege te riden. Letter wol Natuurmonumenten ek noch nei de paden sjen. Minsken komme dêrop bytiden te tichtby plakken dy't hiel kwetsber binne.