Nyck de Vries mei test dwaan yn IndyCar

Autokoereur Nyck de Vries sil yn desimber teste yn in IndyCar fan it team Meyer Shank Racing. Dat hat it team tongersdei bekend makke.
© Orange Pictures
Twellegeaster Nyck de Vries is wrâldkampioen yn de Formule E, de heechste elektryske raceklasse. Hy sjocht út nei de test. "Meyer Shank Racing is de meest recente winnaar van de Indy500, dus dat ik voor hen mag testen is een absolute eer."
It is de earste kear dat de Fries yn in IndyCar ride sil. "Ik volg het racen in de IndyCar al een tijdje. Ik ben heel benieuwd hoe het is om in zo'n auto te racen. Racen in Amerika is erg 'rauw', dus ik kijk uit naar deze ervaring."

'Benijd wat Nyck kin'

De eigener fan it team, Mike Shank, seit dat der gjin konkrete plannen binne om De Vries binnen te heljen as nije rider foar it team. "Wy ha de mooglikheid om ferskate riders út te testen. Nyck hat yn Europa sjen litten dat hy in kampioen is, dus we binne hiel benijd wat hy kin yn in IndyCar."
De test fan Nyck de Vries foar it team sil plakfine op 6 desimber op it Sebring International Raceway sirkwy yn Florida.