Oprop fan Fryske sikehuzen: hâld dy oan de coronaregels

18 nov 2021 - 19:06

Der is hieltyd mear agresje yn Fryske sikehuzen fan minsken dy't harren net oan de coronaregels hâlde. It Ljouwerter sikehûs MCL hat dêrom in ekstra befeiliger ynhierd en freget pasjinten en besikers mei klam om de regels te folgjen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn de measte gefallen giet de agresje om skellerij, mar der is ek alris rjochting personiel flibe. "We fernimme hieltyd faker dat besikers en pasjinten har neat fan de regels oanlûke", seit Arno Huisman. Hy is teammanager en de foarsitter fan de ferpleechkundige-advysried yn it MCL.

Net te ferkeapjen

Regels dy't yn de sikehûzen jilde binne ûnder oare dat minsken in kapke oer de noas en mûle dogge en dat der net mear as ien besiker foar elke pasjint komt. "It is wol begryplik dat minsken mei syn twaen komme wolle, mar it kin net. Boppedat: it is ek net te ferkeapjen oan de minsken dy't har wol oan de regels hâlde."

Guon besikers besykje de regels yn har eigen foardiel te brûken, seit Huisman. "Dan komt de iene besiker earst binnen en in pear minuten letter de twadde."

It lêste wat je wolle is de befeiliging derby helje.

Arno Huisman (teammanager en foarsitter ferpleechkundige-advysried MCL)

As minsken de regels net folgje, giet it personiel it petear oan. "Mar soms kinne je noch sa lang prate, mar komme je der gewoan net út. It lêste wat je wolle is de befeiliging derby helje, mar op fersyk fan ferpleechkundigen sette we no dochs in tredde befeiliger yn."

Njonken de ekstra befeiliger sette de sikehûzen banners yn, en se dogge in oprop. Alles mei-elkoar moat helpe, hopet Huisman. "Ik wit ek net oft it allegear effektyf is, mar troch it ferhaal te fertellen krije we hooplik mear begryp."

(Advertinsje)
(Advertinsje)