Gemeente Hearrenfean ûndersiket oft amtners kantoar hâlde kinne by Sportstad

De gemeente Hearrenfean ûndersiket oft in part fan syn amtners yn de takomst kantoarromte krije kinne yn it stadionkompleks fan Sportstad Heerenveen. De gemeente wrakselet al langer mei de húsfêsting fan wurknimmers.
Abe Lenstra © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
It hjoeddeiske gemeentehûs foldocht net mear oan de easken fan ûnder oare arbo, klimaat en duorsumheid. Der is dêrom ûndersyk dien nei alternativen. Bygelyks renovaasje of nijbou, op de hjoeddeiske lokaasje en op in nij plak. Ien fan de alternativen is dus dat amtners kantoarromte krije yn it stadionkompleks. Boargemaster en wethâlders wolle dat senario fierder ûndersykje.