Metaalsektor staakt foar bettere cao

Fakbûnen FNV en CNV hawwe wurknimmers yn de metaalsektor oproppen te staken foar bettere ôfspraken mei wurkjouwers. It giet om stakingen dy't 24 oeren duorje sille.
© Shutterstock / Industryviews
Der wurdt moandei staakt foar in bettere cao. Sa biede de wurkjouwers in salarisferheging fan 1,4 persint. Fiersten te min seit Tristan Westra fan it CNV. "Het loonbod van de werkgevers van 1,4% is echt veel te weinig. Als CNV willen we 3% met een minimum van 110 euro per maand. Verder vinden we het belangrijk dat er een regeling komt voor oudere werknemers, zodat ze drie jaar voor hun AOW-leeftijd kunnen stoppen met werken als ze dat willen."
Stakers sammelje moandeitemoarn yn de Griene Stjer yn Ljouwert, of by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Jacqie van Stigt fan it FNV: "De sector heeft het economisch tij weer goed mee en schreeuwt om goede vakmensen erbij. Dit pikken onze leden niet, die eisen gewoon een goede cao."
De cao Metaal en Techniek is foar hast 320.000 wurknimmers fan belang. Yn de sektor binne sa'n 28.000 wurkjouwers wurksum. De âlde cao ferrûn op 1 oktober.