Ljouwerter drugshannelers oppakt yn ynternasjonale drugssaak

Yn in grut plysje-ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel ha de plysje yn Noard-Nederlân en it Iepenbier Ministearje fiif fertochten oanholden. It giet yn alle gefallen om trije Ljouwerters en in man út Eindhoven.
© Wikimedia Commons
By ûndersyk 'Shifter' rôle de plysje in binde op dy't hannele yn kokaïne, himp, en syntetyske drugs lykas amfetamine-oalje en de harddrug crystal meth. De hannel fûn benammen yn Nederlân en Dútslân plak.
Trije fan de fertochten sitte noch fêst.

Encro en Sky ECC-chats

De plysje kaam de binde op it spoar nei ûnderskepte 'Encro en Sky ECC-chats' sa't de plysje dat sels omskriuwt. By dy Encro-chat wurde boadskippen mei koadenammen ferstjoerd en 'versleutele'. It late ta twa haadfertochten, in man fan 33 en in man fan 51, beide út Ljouwert. Se kochten de drugs fan in 51-jierrige fertochte út Eindhoven. It giet om 'ice', ek wol metamfetamine. Dat wurdt wer ferkocht as it middel crystal meth.

Crypto-telefoans

Mei crypto-telefoans koenen de fertochten oerlizze oer it ferfier fan de drugs. In fjirde fertochte is in frou, dy't derfan fertocht wurdt dat sy de drugs ferfierde. De plysje tinkt ek dat de groep dwaande mei tariedingen foar de hannel yn kokaïne. Se wurde ek fertocht fan de hannel yn amfetamine-oalje. Dêrmei wurdt speed makke.

Fiifde fertochte

Troch it analysearjen fan de data mei de cryptochats kaam ek in gebou yn byld. Dêr makken de haadfertochten gebrûk fan by it hanneljen yn de drugs. Itgebou is fan in 59-jierrige man út Ljouwert. Dy is ek oanhâlden, mar ek wer frijlitten. Hy bliuwt wol fertochte yn de 'Shifter-saak'.