Soarch driget it net mear oan te kinnen, personiel wurket ûnder grutte druk

18 nov 2021 - 13:46

As it tal coronabesmettingen en sikehûsopnamen de kommende wiken noch fierder oprint, driget de soarch yn Noard-Nederlân it net mear oan te kinnen. Dêr warskôget it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN) foar, dat de sprieding fan coronapasjinten regelet.

Foto: ANP

Yn Noard-Nederlân lizze mear as 150 coronapasjinten yn it sikehûs, 37 dêrfan lizze op de intensive care. Der is te min personiel om foar noch mear pasjinten minsken te soargjen. Net allinne yn de sikehûzen, mar ek by bygelyks de ambulânsetsjinsten.

'Maraton'

Dat der te min personiel is, wurdt pynlik dúdlik troch it hege syktefersom. De reden dêrfan binne coronabesmettingen en de wurkdruk dy't al in hiel skoft heech is. 'In maraton', neamt Ate van der Zee fan it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland it. Der is gjin ferfanging en dus moat it personiel hurder wurkje. Dat jout stress, benammen by it personiel oan it bêd. Dat wol goede soarch leverje en dat komt yn de knipe as der mear pasjinten opnaam wurde.

Gjin trochstream

Van der Zee: "Nadat patiënten geopereerd zijn in het ziekenhuis of nadat ze corona hebben gehad, moeten ze soms nog een tijdje in een verpleegtehuis. Als daar geen plek is omdat er geen personeel is vanwege ziekte, blijven die patiënten in het ziekenhuis. Dan worden die overbevolkt en is daar geen plek voor nieuwe coronapatiënten. Dat is wat ons parten speelt."

Mear besmettingen no, oer twa wiken mear sikehûsopnames

De ûnderfining leart dat in taname fan it tal besmettingen twa wiken letter mear sikehûsopnamen ta gefolch hat. En de sifers rinne allinne mar op.

Van der Zee makket him grutte soargen oer hoe't it komme sil. Dat soe betsjutte dat net alle akute pasjinten bygelyks nei in ûngelok yn it sikehûs dat it tichtste by is, telâne kinne. Yn de praktyk bart it wolris faker dat de earstehelpôfdielingen (SEH) minsken wegerje moat. Mei de tanimmende coronabesmettingen sille dy saneamde 'time-outs' op de SEH 's folle faker foarkomme, foarseit Van der Zee.

Hertoperaasjes kinne net útsteld wurde

Fierdere opskaling fan de covidsoarch mei sa'n tekoart oan personiel hâldt in kear op, neffens Van der Zee. De reguliere soarch wurdt no ek al ôfskaald. Dat soe noch wol in pear stappen fierder kinne, is er fan betinken. Yn in soad gefallen smyt it gjin skea op, lykas by in ljiskoperaasje. Mar guon iepenhertoperaasje kinne net útsteld wurde, want dan hellet de pasjint it net. En dêr lizze de grutste soargen, by de net-planbere en akute soarch.

Trefwurden: 
sikehûs soarch coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)