Hearrenfeanspiler Tibor Halilovic rint staazje as sportsjoernalist

Tibor Halilovic is proffuotballer wurden, mar dat hie ek samar oars kinnen. Hy woe nammentlik sjoernalist wurde. Nei de oplieding sjoernalistyk yn Kroäsië, rint hy no in dei staazje by Omrop Fryslân, as sportsjoernalist.
Tibor Halilovic rint staazje by Omrop Fryslân as sportsjoernalist:
Halilovic is opgroeid yn Zagreb. Hy wie in goeie learling en koe kieze foar trije stúdzjes: ekonomy, politike wittenskip of sjoernalistyk. It waard de lêste: "En dan wie ik wol bot nijsgjirrich nei de sportsjoernalistyk. Of yn rezjy. Hoe't it der efter de kamera oan ta giet dat fyn ik ek boeiend", sa jout Halilovic oan.
"Ik wist net hoe't myn fuotbalkarriêrre rinne soe. Dit like my ek in moaie stap." Mar syn fuotbalkarriêrre ferrint goed. Yn Zagreb spile hy by de jongerein foar Dinamo Zagreb en foar it earste Lokomotiva Zagreb en fia Wisla Kraków yn Poalen kaam hy terjochte by HNK Rijeka yn Kroäsië.
Dêr waard hy troch Hearrenfean oppikt. By sc Hearrenfean is hy in fêste basispiler wurden. Troch in ûntbrekken fan Bochniewicz en Mulder is hy sels de oanfierder.

Goals yn de holle

Dit seizoen spilet Halilovic op de posysje fan nûmer tsien. "Ik fyn mysels mear in box-to-box-spiler, mar it giet net hiel min op dizze posysje." Hy skoarde dit seizoen trije goals. "Ik haw in bepaald oantal goals yn de holle, mar dat fertel ik net. Dat fertel ik dy oan de ein fan dit seizoen wol."
Tibor Halilovic (25 maart 1998)