Liveblog | 18 novimber 2021

Coronanijs 18 novimber: Boargemasters wolle fjoerwurkferbod | 23.680 besmettingen

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 19 novimber 2021, 21:56
tongersdei 18 novimber 2021
21:48

Boargemasters pleitsje yn brief foar fjoerwurkferbod

It Veiligheidsberaad, mei dêryn de boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's, wol in fjoerwurkferbod mei âld en nij. Dat stiet yn in brief fan it Veiligheidsberaad oan demisjonêr minister Ferd Grapperhaus. It giet de boargemasters dan om in ferbod op de ferkeap en it ôfstekken fan fjoerwurk.
Ferline jier wie der ek sa'n fjoerwurkferbod. Dat waard doe dien om foar te kommen dat de druk op de soarch te bot tanimme soe troch de coronapandemy en eventuele fjoerwurkslachtoffers. De boargemasters skriuwe yn de brief dat, sjoen de situaasje yn de sikehuzen, it ferbod ek dit jier jilde moat.
Earder op tongersdei waard bekend dat it demisjonêr kabinet just gjin fjoerwurkferbod wol dit jier. Dêr waard troch ûndernimmers út de fjoerwurksektor mei 'een zucht van verlichting' op reagearre.
20:18

Boargemaster Agricola fan Dantumadiel hat noed

19:44

Nederlânske coronapasjinten nei Dútske sikehuzen

Nije wike wurde de earste Nederlândske coronapasjinten oerpleatst nei Dútske sikehuzen. Dat seit Ernst Kuipers tongersdei tsjin BNR. Kuipers is de foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg. Earder like it der noch op dat Dútslân gjin pasjinten oernimme koe, mar dêr is no feroaring ynkaam. Dútslân kin "een beperkt aantal patiënten" út Nederlân kwyt. "Maar dat zal niet vandaag al gebeuren", sa seit Kuipers.
18:57

Fryske sikehuzen sjogge mear agresje troch coronaregels

Der is hieltyd mear agresje yn Fryske sikehuzen fan minsken dy't harren net oan de coronaregels hâlde. Faak is it skellerij, mar der is ek alris rjochting personiel flibe. Dat kin echt net, seit in wurdfierder fan it MCL yn Ljouwert.
17:26

Tolve sikehuzen kinne kritike planbere soarch net op 'e tiid jaan

Dat meldt de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) op basis fan ynformaasje fan 74 sikehuzen yn hiel Nederlân. In wike ferlyn koene njoggen sikehuzen de planbere soarch net of net op de tiid leverje. Hokker sikehuzen oft it krekt binne, is net bekend makke.
Kritike soarch moat binnen seis wiken útfierd wurde, oars kin de pasjint der skea fan ûnderfine. Dan giet it bygelyks om termkanker.
Yn 45 sikehuzen kin no net mear alle planbere soarch levere wurde, tsjin 31 ferline wike. De measte sikehuzen jouwe neffens de NZa oan dat se gjin soarch mear leverje kinne dy't earder útsteld is fanwege de coronakrisis. Noch mar sân sikehuzen jouwe noch wol ynhelsoarch.
17:07

Ynspeksje warskôget foar mei sin besmette litte mei coronafirus

Dysels me opsetsin besmette litte mei it coronafirus is gefaarlik. Dat fynt de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd. Elkenien dy't dat docht, bringt de publike sûnens yn gefaar. Boppedat is it in klap yn it gesicht fan neibesteanden fan coronaslachtoffers en fan elkenien dy't him al mear as oardel jier ynset foar de bestriding fan it firus.
De ynspeksje ûndersiket in webside dy't minsken de mooglikheid jout om mei sin it coronafirus op te rinnen. Earder op tongersdei waard in soad oer in webside skreaun op sosjale media. Dy is ûnderwilens út de loft helle.