Boartlik boek oer de Fryske stabij mei tekeningen en ferhalen

De Fryske rashûn stabij spilet de haadrol yn in nij boek dat tongersdei presintearre wurdt. Der steane tekeningen yn fan keunstner Tjibbe Hooghiemstra en ferhalen fan skriuwer Douwe Kootstra.
In stabij © Shutterstock.com (Lea Rae)
"In skoft lyn ûntstie it idee om wat mei de tekeningen fan Tjibbe te dwaan dy't er lizzen hie", fertelt Douwe Kootstra. "Ik hie earder al ris in fabel skreaun en hy frege my om wat mear te skriuwen, dus dat ha ik dien."
Eins is Kootstra mear in katteman, mar hy hat wol niget oan de stabij en krijt dy ek geregeld útfanhûs. "Dus it wie net sa dreech om deroer te skriuwen. It is in swart-wyt bist, mar hy hat in karakter mei in soad kanten, dus dêr kinst in soad kanten mei út. Boppedat koe ik út eigen ûnderfining taapje, want ik ha sels wolris wat belibbe." Hy ken de stabij minsklike eigenskippen ta. "De stabij praat, jout kommentaar en hat in miening."

Boartlik boek

It is in boartlik en fariearre gehiel. "Der sit ek in resept fan roggebrea yn, want dêr is Tjibbe syn stabij gek op. En der fleane wat bijkes trochhinne, want ik bin ymker, dat binne wat mear filosofyske stikjes tekst."
Beide mannen sille ek op toernee mei it boek, de tekeningen en de hûn. "Dat wurdt in bûnte show. Tjibbe sil oer syn wurk fertelle en tekeningen sjen litte en ik sil foarlêze."
© Bornmeer
Douwe Kootstra