De help-Sinteklazen fan Ljouwert: "Alleen de slaapkamer staat niet vol"

18 nov 2021 - 06:30

Iris Kramer en Leon Veneman binne al fjouwer jier de driuwende krêften efter 'Feestdagen voor iedereen' yn Ljouwert. Sy meitsje dit jier 211 bern bliid mei kadootsjes foar Sinteklaas. Sy biede dy fergees oan, foar húshâldens mei in smelle beurs.

Leon Veneman en Iris Kramer - Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts

"Mijn partner en ik maken ieder jaar kleine kinderen blij met Sinterklaascadeautjes", fertelt Kramer. "Het gaat om kinderen uit gezinnen die het zelf niet kunnen betalen. We halen sponsorgeld op van bedrijven, kennissen en vrienden." Mei dat jildt wurdt de grutte Sinteklaze-aksje betelle.

Fia harren Facebookside kinne minsken bern opjaan dy't foar de kadootsjes yn oanmerking komme. Ek brûke sy it netwurk dat sy de ôfrûne jierren al opboud hawwe.

It hûs stiet yntusken grôtfol mei kado's. "Alleen de slaapkamer staat niet vol. Maar voor de rest staan er overal ingepakte tassen, jutezakken en cadeautjes. We doen dit nu vier jaar. Ieder jaar wordt het groter en is de behoefte groter. Men is altijd heel blij. We hebben al wat eerste zakken weggehaald."

It stel krijt in soad positive reaksjes. "Ouders zeggen: het is zo veel. We zien de foto's terug dat de kinderen er heel blij mee zijn."

Ferslachjouwer Lennard Geerts

(Advertinsje)
(Advertinsje)