Wetterskip krijt ûntheffing foar ôfsjitten fan rotten op It Amelân

18 nov 2021 - 06:06

Wetterskip Fryslân hat in ûntheffing krigen foar it ôfsjitten fan rotten. Dy wurde hieltyd mear op it eilân sjoen, foaral by de dyk oan de Waadseekant. Dêrfoar wurdt ek de luchtbuks ynset.

In brune rôt - Foto: Shutterstock.com (Nigel Tustin)

"De brune rôt hat altyd al op It Amelân en op de seedyk west", fertelt Rudi Molenaar. Hy is behearder foar it wetterskip op It Amelân. "Mar de lêste jierren sjogge wy dochs in tanimming fan de brune rôt."

Hollen yn de seedyk

It giet benammen om de hollen dy't yn de gloaiïng fan de seedyk sitte, sa leit Molenaar út. "Dat hâlde wy wol yn de gaten, mar it wurdt no dochs wat slimmer. It wurde hiele tunnels. Dat moat net slimmer wurde as dat it no is. Wy wurde der wol op oansprutsen troch de eilânbewenners en de toeristen. De seedyk is in prachtige fytsrûte dy't goed meand wurdt. Dus je sjogge de rôt dúdlik sitten, it falt ekstra op. Minsken fine it net noflik."

Rudi Molenaar fan It Amelân

Om't it wat te folle wurde, sil de rôt dus bestriden wurde. "De rôt is net in beskerme soart, dus je meie dy gewoan bestride. Dat mei net mear mei gif en in gewoane falle is in soad wurk. Sukses is net altyd wis. Dus it sjitten mei de buks sjogge wy as in oanfolling."

'Gjin wyld west-tafrelen'

Foar it wetterskip is dat ek in earste kear. Molenaar: "It wurdt dien troch ús eksoatebestriders. Dy binne der op traind. It bart op rêstige mominten, yn de nacht. It wurde gjin wyld west-tafrelen. Der is in ûntheffing foar de nacht nedich, mar dan binne de rotten ek aktyf. En dan is der ek net ien op de seedyk."

De feiligens moat garandearre bliuwe, sa beslút Molenaar. "Wy besykje it ûnder kontrôle te hâlden en om de skea te beheinen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)