Adri de Boer wint Liet mei 'Bliuw mar by my'

De finale fan sjongfestival Liet is woansdei wûn troch Adri de Boer fan Surhústerfean, mei it ferske Bliuw mar by my. Hy naam it op tsjin seis oare acts, dy't striden om it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân.
Adri de Boer fan Surhústerfean © Adri de Boer fan Surhústerfean
Yn de finale gie it úteinlik tusken Adri de Boer, Fokko Jan van der Ploeg en The Lone Wolf. De Boer krige likegoed fan de sjuery as fan it publyk de heechste beoardieling mei 42 punten. Hy krige begelieding fan Bernhard Holtrop op bas en Sido Post op akkordeon.
De Boer is takom jier de Fryske ôffurdiging op Liet International, dat yn maaie holden wurdt yn Tønder yn Denemarken.
De Boer stiet al fan syn 15e ôf op it poadium. Earst as oargelist, mar dêrnei al fluch yn ferskate bands. Ek as trûbadoer is hy bekend. Sûnt 1987 sjongt hy al yn de Fryske taal. Yn 1998 en 2001 wûn hy it festival ek al. By de earste liet yn 1991 waard hy twadde.
It winnende liet op Liet:
"Wauw, it is de tredde kear dat ik winne mocht", sei in blide Adri de Boer nei ôfrin. "Mei dy yntinsje binne we hjir echt net hinne kaam, mar mear as publisiteit nei it nije album ta dat takom jier útkomt. Ik fûn it ferske te moai om lizze te litten en net oan Liet mei te dwaan."
Hy hie him yn it foar net ferdjippe yn de oare finalisten. "Ik tocht, ik doch myn dinkje en dan sjogge we it wol." It wie de alfde kear dat er meidie. "Ik hie al twa kear en rekkene hielendal net op in tredde kear."
Adri de Boer
© Liet
De folsleine útslach fan Liet 2021 is: Adri de Boer 42 punten, Fokko Jan van der Ploeg 35 punten, The Lone Wolf 26 punten, 2nd TRY 26 punten, Volk!! 24 punten, Rene de Jong, Lars Mulder en band 19 punten en Sequens 18 punten.

Tekstpriis foar Sequens

De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gong nei Sequens mei De omslach. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. "We binne der hiel wiis mei," seit Angeline Westra. "We binne der grutsk op." Se hatde tekst yn trije dagen skreaun.
Sequens wûn de tekstpriis
Liet wie dizze kear sûnder publyk. Ut poppoadium Neushoorn yn Ljouwert wie in livestream te sjen.
Sûnt 1991 wurdt alle jierren it Fryske sjongfestival Liet organisearre. It festival hat in soad nije talinten en artysten oplevere. De bekendste Liet-winner is it duo Twarres, dy't yn 1999 de publykspriis wûn hat mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit Wêr bisto?