Marit Bouwmeester yn maaie útrekkene fan: "In miny-Marit!"

17 nov 2021 - 21:23

Dat Marit Bouwmeester yn ferwachting is, dat wie al bekend. Mar wat it wurde soe, dat wie oant woansdei noch net dúdlik. "Het wordt een mini Marit!", skriuwt de 33-jierrige sylster fan Warten.

Foto: maritbouwmeester (Instagram)

Bouwmeester is yn maaie útrekkene fan in famke. In wike lyn skreau Bouwmeester op sosjale media dat hat búk al flink oan it groeien wie.

Om't sy in poppe ferwachtet, docht Bouwmeester ein novimber net mei oan it WK yn de Laser Radial-klasse.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester famke poppe
(Advertinsje)
(Advertinsje)