Spoordok-plannen: nij type stêd flakby Ljouwerter sintrum

De plannen foar it gebiet Spoordok flakby de Ljouwerter binnenstêd moatte it fertutearze stik stêd oantreklik meitsje. Der is plak foar in soad grien, wetter, duorsume wenningen en ekonomyske ûntwikkeling.
Sa komt it derút te sjen:
Spoordok moat yn de plannen dy't woansdei presintearre binne in ferbining wurde tusken stêd en plattelân. It giet om it stik stêd tusken it spoar, it busstasjon en it Stephensonfiadukt, net fier fan it kantoaregebiet mei de Achmeatoer. Spoordok wurdt heger, tichter en kompakter as de rest fan Ljouwert.

Ferlet fan wenten

Om ambysjes fan de stêd Ljouwert foarm te jaan is der mei ynbring fan allegear partijen in fisy makke. Neist ekonomyske ûntwikkeling, wol Ljouwert ûnder oaren betelbere wenningen bouwe, dêr't grut ferlet fan is. Der kinne sa'n 2.000 wenningen oanlein wurde.
© gemeente Ljouwert
Duorsumens stiet dêrby sintraal en in griene, park-eftige omjouwing mei moetingsplakken.

Meitinke

By de plannen binne ynwenners fan Ljouwert, grûneigeners en oare belanghawwenden belutsen. Dy koenen yn septimber by it evenemint Grensverleggend Spoordok meitinke oer de takomst. Der waarden kuiertochten organisearre. Mei-inoar hat dat in fisy opsmiten fan hoe't it gebiet der út sjen kin yn 2050.
Op it stuit lizze grutte stikken der ferrinnewearre by. De útwurking fan de plannen sil yn parten dien wurde fan takom jier ôf.
Wethâlder Hein de Haan