Wiken gjin publyk by Cambuur en Hearrenfean: "Wy binne machteleas"

SC Cambuur en sc Hearrenfean bale. Harren wedstriden wurde yn de lockdown fan trije wiken net ferset nei in oar momint en dus spylje sy sûnder publyk yn lege stadions.
By SC Cambuur en sc Hearrenfean bale se fan it beslút fan de KNVB:
Beide Fryske betelle fuotbalklups hiene der yn it oerlis mei de oare klups en it fuotbalbûn KNVB op oantrune dat de wedstriden útsteld wurde soene nei in letter momint. Neist dat de klups dêrtroch gjin ynkomsten misrinne, fine Cambuur en Hearrenfean ek dat fuotbal spile wurde moat foar publyk.
Mar dêrfoar is gjin mearderheid fûn yn it oerlis. KNVB hat woansdei besletten dat der gewoan fuotballe wurdt, wylst dizze maatregels der binne. Dat duorret yn elts gefal oant en mei sneon 4 desimber 18.00 oere. It giet foar beide klups om twa wedstriden.

De wedstriden fan Cambuur en Hearrenfean sûnder publyk

SC Cambuur sc Hearrenfean
21 novimber 20.00 oere: SC Cambuur-FC Utrecht 21 novimber 14.30 oere: sc Hearrenfean-Willem ll
26 novimber 20.00 oere: NEC-SC Cambuur 28 novimber 16.45 oere: sc Hearrenfean-PSV
Ard de Graaf fan SC Cambuur baalt fan it útstellen fan de duels. Mar, it giet neffens de Cambuur-direkteur al mis as je in stap werom dogge. De Graaf begrypt net dat der gjin supporters yn de stadions komme meie.

"Unrjochtfeardich"

"Laat ik vooropstellen dat wij niets bagatelliseren. Er is een hoop aan de hand in het land en in de wereld", begjint De Graaf. "Maar de stadions zijn geen besmettingsbron. Dus waarom doe je die dan dicht? Die argumentatie missen we, die is er niet. Dat voelt heel onrechtvaardig."
Dit kost ons veel geld.
Cees Roozemond oer it spyljen fan twa thúsduels sûnder publyk
Oant 4 desimber spilet sc Hearrenfean twa thúswedstriden. Ien tsjin Willem ll en ien tsjin PSV. "Dit kost ons veel geld", seit algemien direkteur Cees Roozemond.
Benammen by it duel mei topklup PSV fernimme de Feansters it yn de beurs. "De losse kaartverkoop liep erg goed. Met alles wat erbij komt kijken: horeca, deals met sponsoren die niet doorgaan en noem het allemaal maar op. Dan heb je het voor dat soort wedstrijden al snel over twee ton."
It lege Abe Lenstra Stadion tidens in eardere wedstriid © Orange Pictures
Johnny Jansen hat koartlyn al in bytsje wenne kinnen oan de situaasje fan de kommende wiken. De trainer fan sc Hearrenfean spile nammentlik al út tsjin NEC yn in leech stadion, fanwege de problemen mei de ynsakke tribunes fan stadion De Goffert. "Daar vond ik niets aan. Ik vind het heel vervelend", seit Jansen.

"Machteleas"

Syn kollega by SC Cambuur, Henk de Jong, slút him dêr by oan. "It is ôfgryslik spitich foar ús supporters. Wy binne in echte 'tolfdemanklup'. Mar, wy binne hjiryn machteleas. No binne wy ferplichte om noch better ús best te dwaan", seit De Jong.
Dêr ha ik wol ris oer neitocht. Dat soe ik hiel ferfelend fine. Wat, dat soe ik ferskriklik fine.
Henk de Jong oer in Fryske derby sûnder fans
Beide klups sjogge ek al oer dizze lockdown hinne. Saakkundigen sizze nammentlik dat de pyk kwa besmettingen noch komme moat. En dus is der grutte twivel oer oft publyk nei dizze trije wiken wer wolkom is yn de stadions.

Fryske derby

Ferlinging fan dizze maatregels soe betsjutte dat de Fryske derby tusken Cambuur en Hearrenfean op 19 desimber sûnder publyk spile wurdt. "Dêr ha ik wol ris oer neitocht", jout De Jong ta. "Dat soe ik hiel ferfelend fine. Wat, dat soe ik ferskriklik fine. Dy wedstriid is sa unyk. Dat is werom Cambuur promovearre is."
Jansen wol ek noch net neitinke oer in derby sûnder publyk. "Die strijd, het enthousiasme op de tribunes is en de beleving die je hebt. Publiek hoort daar gewoon bij."

Drôvich

De beide direkteuren doare ek noch net te tinken oan SC Cambuur tsjin sc Hearrenfean sûnder publyk. "Daaraan denken word je heel verdrietig van. Dat is voor de hele provincie rampzalig", seit De Graaf.
Roozemond: "Die datum staat sinds de bekendmaking van het programma in ieders agenda gegrift. Je moet er niet aan denken dat die wedstrijd zonder publiek wordt gespeeld. Dat is mijn ergste scenario."