10 persint mear poppen berne yn sikehûs Tjongerschans

Nederlân sit middenyn in pyk fan berten, meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. By it sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean fernimme sy dat ek. Oant no ta binne dêr al 1.146 bern berne. Dat is sa'n 10 persint mear as de foargeande jierren.
© Shutterstock.com (JEONGHYEON NOH)
Marrit van der Kort merkt as klinysk ferloskundige by sikehûs Tjongerschans dat der mear befallingen en konsulten op in dei binne. "Dus mear drokte. Yn de tiid dat ik hjir wurkje is dit wol de pyk. In pear jier lyn hawwe wy it ek drok hân, mar doe is der mear personiel op de ôfdieling kaam."

Sûn bliuwe en de skouders der ûnder

Mar it personiel kin de drokte noch goed oan, leit Van der Kort út. "Wy hawwe aldergeloks in moaie groep kollega's, wy helpe inoar dêr't wy kinne. Je hope dat je allegearre sûn bliuwe, want genôch personiel hâlde is wol wichtich. Somtiden is it wolris puzeljen as it fol leit, mar wy hawwe in gearwurkingsferbân en koarte linen foar de soarch. Dus wy komme der wol út."
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
As der al minsken trochstjoerd wurde nei in oar sikehûs, bart dat faak út in polyklinyske winsk wei. "Wy besykje de eigen populaasje wol yn ús sikehûs kwyt te kinnen. Wy hawwe no wolris dat wy trochferwize nei Snits of in oar plak as minsken polyklinysk komme wolle, mei in eigen ferloskundige", leit Van der Kort út.
Marrit van der Kort, klinysk ferloskundige by sikehûs Tjongerschans
Dat it tal poppen tanimt, lei wol yn de ferwachting. It coronafirus soe miskien in lyts triuwke wêze kinne. "Je binne thús en je ferfele je, de nachten wurde langer. Mar it is no miskien ek wol de tiid. Minsken binne thús, geane net op fakânsje, stelle miskien harren karriêrewinsken út. Miskien hat it dêr ek mei te krijgen. In omheechgeande line wie te ferwachtsjen, mar dy tendins komt no wat earder."