Wurkstraf foar Snitser dy't harddrugs 'fuorre' oan famke fan 12 jier

In ynwenner fan Snits krige woansdei in wurkstraf om't hy yn augustus foarich jier in famke fan 12 jier harddrugs jûn hat. De Snitser hie suvere MDMA oan it famke jûn.
Rjochter © Shutterstock.com
It famke siet mei harsels yn de knoop en wie by de fertochte en syn freondinne kaam om te praten. "In plaats van hulp krijgt ze drugs", sei de rjochter. De fertochte hie suvere MDMA (xtc) helle, wêrfan't se alle trije brûkten.

Tiktok

De drugs misten harren útwurking net. Op Tiktok-filmkes wie te sjen dat de fertochte as in slang oer de grûn krûpte.
Yn in oar filmke 'fuorre' de fertochte it famke MDMA-kristallen. It famke wie dúdlik ûnder ynfloed, se draaide mei har eagen, hie opdrûge flibe yn de mûlshoeken en knarste mei har tosken.

Sechstjin of santjin

De fertochte bewearde dat er net wist dat it famke noch mar tolve wie. Hy tocht dat se sechstjin of santjin jier âld wie. De rjochter leaude dat net. De man hie sein dat er har al jierren koe.
De rjochter tilt swier, krekt as de offisier, oan de saak. Se fûnen beide dat de man eins nei de finzenis moatte soe. Hy soe dan syn baan en wenning ferlieze. Dat gie de rjochter en de offisier te fier.

Wurkstraf

De rjochter lei in wurkstraf fan 120 oeren op plus trije moannen selstraf ûnder betingst. "Om de ernst van de feiten tot uitdrukking te brengen", sa sei de rjochter.