Steaten prate oer eigen protokol foar Fryske flagge

Lykas foar de Nederlânske flagge soe ek foar de Fryske flagge in protokol komme moatte. Dat stiet yn in inisjatyf-foarstel fan Forum voor Democratie Fryslân.
© ANP
In protokol is gjin wet, mar in rjochtline foar it flagjen op bygelyks nasjonale feestdagen. Fraksjefoarsitter Albert van Dijk kaam der dizze simmer achter dat foar de Fryske flagge net sa'n protokol bestiet. Hy stelt dêrom oan de leden fan Provinsjale Steaten foar om sa'n protokol te meitsjen.
"Dat kin itselde wêze as it protokol foar de Nederlânske flagge, dus op nasjonale feestdagen. We ha yn Fryslân ek eigen feestdagen, lykas Kneppelfreed. Dêr kin de Fryske flagge ek in symboal foar wêze. Sa'n protokol is net in ferplichting." Hy sjocht de Fryske flagge as in symboal fan ferbining. "Dat is miskien noch wol wichtiger as it protokol sels."
Albert van Dijk
Steatelid Wieke Wiersma fan it CDA kin har folslein net fine yn de ideeën fan Van Dijk. "Ik tink dat it hiel 'eng' wurdt wannear't wy as oerheid bepale wa't wannear in flagge hinget. It is moai dat wy yn in lân libje dêr't minsken in flagge hingje kinne sa't by har past. Ek ludyk, sa't bygelyks by de PC as statement dien is mei de Fryske reinbôgeflagge."
Wieke Wiersma
Wiersma tinkt dat it Forum voor Democratie dêr om te dwaan wie. Wiersma: "Ik fyn it in fantastysk statement om te sizzen: it keatsen is foar eltsenien. Wat is dêr mis mei? Hoe mear Frysk as wy sjogge, hoe moaier. En as je dat mei in reinbôge kombinearje wolle, dan fyn ik dat geweldich."
Provinsjale Steaten prate woansdei oer it foarstel fan Forum foar in Frysk flaggeprotokol. Dan wurdt ek dúdlik oft hjir wol of gjin stipe foar is.