Omrop TIP: Finale fan sjongfestival Liet by Omrop Fryslân

De finale fan sjongfestival Liet is dizze woansdei om 20.00 oere by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. Sân acts stride om it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân.
Liet, edysje 2020 © Omrop Fryslân
Liet is dit jier yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Spitigernôch dizze kear sûnder publyk fanwegen de oanskerpe coronamaatregels. Yn 2020 koe de finale net trochgean fanwegen coronabeheinings. Dy edysje is ynhelle op 3 april dit jier ûnder de namme Liet 2020+1.
Foar it earst is der in online stimming foar it publyk. Dy stimming giet iepen as alle sân acts optreden hawwe en it publyk kin dan thús de stim útbringe op de webside fan Liet. Dizze publyksstim is it fiifde sjuerylid. De oare fjouwer sjueryleden binne Nick Veenstra, Ella de Jong, Sigrid Kingma en Wytse Dijkstra.
Sjoch Liet op woansdei 17 novimber om 20.00 oere by Omrop Fryslân telefyzje.

Fryske muzyk libbet

"We ha in dreech jier achter de rêch hân, dat jildt ek foar de muzikanten", seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet. "Mar de muzikanten ha net stilsitten, blykt út de ynstjoeringen. We binne der wiis mei dat de Fryske muzyk libbet."
De dielnimmende finalisten binne Adri de Boer, Sequens, The Lone Wolf, Fokko Jan van der Ploeg, Volk!!, 2nd TRY en Rene de Jong, Lars Mulder en band. De achtste finalist Bron hat him weromlutsen.
Neist dizze acts binne der ek trije crossovers: Willy Darktrousers (Emiel Joorman) & Marije de Vries, Faske (Fasil Kuipers) & Ginge (Renée Rijpstra) en Iris Kroes & Wander Kars.
Sûnt 1991 wurdt alle jierren it Fryske sjongfestival Liet organisearre. It festival hat in soad nije talinten en artysten oplevere. De bekendste Liet-winner is it duo Twarres, dy't yn 1999 de publykspriis wûn hat mei de lettere Nederlânske en Belgyske nûmer 1-hit 'Wêr bisto?'