Coronanijs 17 novimber: Soad besmettingen yn it ûnderwiis | Fuotbalwedstriden sûnder publyk

17 nov 2021 - 22:51

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Soad besmettingen yn it basisûnderwiis;
  • Fuotbalwedstriden geane troch, sûnder publyk;
  • Der lizze 74 pasjinten yn de Fryske sikehuzen troch it coronafirus;
  • Lanlik binne der 20.829 nije besmettingen fêststeld;
  • Yn Fryslân giet it om 675 nije besmettingen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:50
Ein fan de liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.

18:47
Krystmerk en winterbradery Appelskea skrast

De krystmerk en winterbradery fan Appelskea giet net mear troch. Neffens de organisaasje is mei alle belutsen partijen besletten dat it better net trochgean kin. De merk soe dit jier op 11 en 12 desimber hâlden wurde.

18:42
'Meitsje altyd in ôfspraak ast dy teste litte wolst'
18:15
Mear befallingen yn coronatiid

Nimt it tal befallingen no ta troch corona? Nederlân sit middenyn in pyk fan berten, meldt it Centraal Bureau voor de Statistiek. By it sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean fernimme sy dat ek. Oant no ta binne dêr al 1.146 bern berne. Dat is sa'n 10 persint mear as de foargeande jierren.

Dat it tal poppen tanimt, lei wol yn de ferwachting. It coronafirus soe miskien in lyts triuwke wêze kinne. "Je binne thús en je ferfele je, de nachten wurde langer. Mar it is no miskien ek wol de tiid. Minsken binne thús, geane net op fakânsje, stelle miskien harren karriêrewinsken út. Miskien hat it dêr ek mei te krijgen. In omheechgeande line wie te ferwachtsjen, mar dy tendins komt no wat earder", seit Marrit van der Kort as klinysk ferloskundige by sikehûs Tjongerschans.

17:23
Twadde Keamer: gjin grien finkje as faksinearre persoan besmet rekket

De Twadde Keamer wol dat minsken dy't faksinearre binne en dêrnei posityf teste op corona tydlik gjin grien finkje mear krije yn de CoronaCheck-app. In moasje fan de fraksje-Den Haan krige de stipe fan in Keamermearderheid. Yn de moasje stiet dat de technyk fan de app oanpast wurde moat. It soe dan gean om de perioade dat se yn isolaasje moatte.

Neffens demisjonêr minister De Jonge is it privacytechnysk lestich te regeljen.

17:17
Peiling: faksinearre Nederlanners posityf oer boosterprik

Goed acht op de tsien Nederlanners dy't faksinearre binne soe in boosterprik sette litte sadree't dat kin. Dat docht bliken út in peiling dy't de NOS ûnder hast 2300 minsken dwaan litten hat. Dat is nei de parsekonferinsje dien.

17:09
GGD set maksimale kapasiteit fan personiel yn

De GGD komt om yn de minsken dy't har op it coronafirus teste litte wolle. "We zitten nu aan de maximale capaciteit, ook de buffercapaciteit wordt helemaal benut", seit Mees van der Hoff, basisdokter ynfeksjesyktebestriding fan de GGD.

By de teststrjitte yn Ljouwert stie in rige fan sa'n 150 meter, wachttiid: trije kertier. "Dat zijn taferelen waar we niet op zitten te wachten, maar de vraag is echt enorm. Wij hebben moeite om op te schalen op een moment dat heel veel mensen ziek zijn."

16:41
Boosterprik

De Gezondsheidsraad jout it advys dat minsken mei it Syndroom van Down sa gau as mooglik in boosterprik ha moatte. Earder wie dat advys oan âlderen en bewenners fan soarchynstellingen.

16:32
Online testôfspraak meitsje tydlik net mooglik troch steuring

It is net mooglik om in testôfspraak te meitsjen fia coronatest.nl. De webside hat lêst fan in steuring, meldt GGD GHOR. Wat de steuring krekt feroarsake hat, is net bekend. Telefoanysk kin it meitsjen fan in ôfspraak troch drokte ek dreech wêze, melde GGD GHOR earder.

De ôfrûne dagen is it drok by de teststrjitten, de GGD's namen juster in rekôrtal testen ôf.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)