Lippenhuzen leit efkes op it gat: sport en skoalle ha te lijen fan corona

De sporten en de skoalle yn Lippenhuzen binne efkes stillein op lokaasje. Yn it doarp is in flinke útbraak fan it coronafirus. "It lêste nijs is dat in fjirdepart fan de skoalle besmet is mei corona. Dan is der wol wat oan de hân yn ús lytse doarpke", seit Ernst Pieter Bantema fan sportferiening Thor.
Lippenhuzen © ANP
OBS De Flecht is al sûnt freed ticht, fertelt Bantema. "Sa't de learkrêften de boel tariede koene foar thúsûnderwiis. De hiele wike wurdt der dus al online en thús ûnderwiis jûn. Dat soe eins oant woansdei, mar om't de besmettingsgraad hieltyd oprint is besletten de hiele wike noch sa troch te setten. De bedoeling is no om moandei wer iepen te gean."

De bern wer thús

Bantema hat it firus yn de ôfrûne tiid om him hinne gripen sjoen. "De middelbere skoalle op De Gordyk giet efkes ticht, yn Drachten sil ek in skoalle ticht. Ik tink dat wy der noch net binne. Wy hawwe gjin oare kar. Ik haw sels twa bern op de basisskoalle en ien op it fuortset ûnderwiis. Myn bern sitte no thús, wêrtroch't ik no ek thús oan it wurk bin."

Sporten efkes skrast

Net allinne it ûnderwiis, mar ek de sport yn Lippenhuzen hat fan it firus te lijen. "Ik bin sels ôfdielingsfoarsitter fan SV Thor, by de fuotbalploech. Wy hiene al besletten dat de jongerein nei spylje soe. Der binne yn elts team wol in pear bern mei corona."
Ernst Pieter Bantema fan Lippenhuzen
Tiisdeitejûn is der ek in beslút naam oer de senioareteams. "Dêr is noch net hiel folle oan de hân, mar it binne allegearre Liphúster ynwenners. Wy sjogge wol dat der mear folwoeksenen besmet reitsje. Dus de mearderheid wie derfoar om de sporten foar de senioaren oan kant te lizzen oant moandei. Snein prate wy der wer oer."
SV Thor is in saneamde 'omny-feriening' mei meardere sporten. "Njonken it fuotbal is der dus ek efkes gjin gymnastyk, turnjen, Liprunners, bootcamp. Alle sporten lizze efkes op it gat." Sels de yntocht fan Sinteklaas wurdt sneon efkes oerslein.