Eaststellingwerf wol mantelsoargers better yn byld krije

De gemeente Eaststellingwerf wol mantelsoargers better yn byld krije. Wethâlder Esther Verhagen wol dêrom mei húsdokters yn petear, dat sei sy yn in kommisjegearkomste. Neffens har soene dy mooglik helpe kinne om problemen op tiid te sinjalearjen.
© ANP
Ut ûndersyk hat bliken dien dat der yn Eaststellingwerf in soad mantelsoargers oerbelêst binne. Dêr't yn Fryslân gemiddeld sa'n 11 persint oerbelêst is, leit dat yn Eaststellingwerf op 21 persint. Ek binne der yn de gemeente mear jonge mantelsoargers fan tusken de 12-18 jier as yn oare gemeenten.
Eaststellingwerf wol stipe jaan en hat sa'n 200 mantelsoargers yn byld. Mar dat oantal moat omheech, sa hat de wethâlder oanjûn.