Measte winkels op De Jouwer hawwe gjin nocht yn QR-kontrôles by klanten

In soad winkellju op De Jouwer sjogge it ynfieren fan de kontrôle op QR-koaden fan klanten net sitten. It demisjonêre kabinet wol de coronapas ek ferplichtsje yn net-essinsjele winkels. Mar foar 't it safier is moatte de plannen earst noch troch de Twadde Keamer, dat debat is tiisdeitejûn.
Winkels op De Jouwer hawwe gjin nocht yn QR-kontrôles by klanten:
Martijn Zaal, de foarsitter fan winkelljuferiening WIH (Winkeliers, Industriëlen en Handelaren) fan De Jouwer kriget wikseljende reaksjes fan de ûndernimmers. "It hâldt se dwaande. It is wer in maatregel dy op ús ôf komt, dy't ús rekket."

Akseptearje

Neffens de foarsitter rint de omset fan de winkels tebek sûnt it ynfieren fan de lêste maatregels. Mar in fel protest is der net: "In soad winkellju tinke: wy witte net hoe't wy it dwaan sille, mar we sette de skouders derûnder as it safier is." Dochs is der ek fersleinens, seit Zaal.
In part fan de winkellju wol lykwols net foar de kamera reagearje. It grutste part is tsjin it ynfieren fan de coronapas, in inkeling tinkt dat it wol losrinne sil en dat de ynfiering net tsjin te hâlden is.

Kontrôle dreech

Thomas Groenveld is eigener fan in lifestyle-winkel op De Jouwer. Hy tinkt dat mei de coronapas groepen bûtensletten wurde. Groenveld: "It giet dan benammen om minsken dy 't medysk sjoen net in faksin nimme kinne. Wêr moatte dy aanst hinne?"
Groenveld tinkt dat it better is om earst te sjen nei oare maatregels, om 't de coronapas net wetterticht is: "Do kinst faksinearre wêze én besmetlik, mar do hâldst in griene QR-koade." De winkel fan Groenveld hat meardere yn- en útgongen. It wurdt ek dreech om oeral in meiwurker kontrolearje te litten.

Essinsjele winkels

By Breimer's Bakkerij wurdt al in skoft wurke mei de QR-koade. Klanten dy't by de bakker wat ite of drinke wolle, moatte harren pas sjen litte. Foar de winkel sil gjin koade frege wurde, om 't it om in essinsjele winkel giet.
Dochs makket de eigener har soargen. Hammy Breimer: "Ik fyn it best wol tryst. Ik wit net of dit de juste oplossing is." Breimer soe der begryp foar hawwe as de winkels, ek mei coronapas, kûlant bliuwe yn harre doarbelied.