Dit is wêrom't der yn Ljouwert keunstsinnige sokken op strjitte hingje

Sokken yn alle kleuren of mei gekke printsjes, wa hat se net? Net eltsenien hat yn dizze tiid waarme fuotten. Der is in tekoart oan sokken foar dakleazen en om dêr omtinken foar te krijen hingje fan tiisdei ôf sokken yn Ljouwert.
Dizze sokken binne yn Ljouwert te finen:
De sokken binne ûntwurpen troch keunstner Miek Knook.
As de sokken yn Ljouwert allegear fûn binne, kinne se fia de webside fan Let's do Goods besteld wurde. Fan it jild krije dakleazen genôch sokken om de kommende winter waarme fuotten te hâlden.