Mata Hari-guod foar mear as 5.000 euro feild: pjuttefoto smyt 950 euro op

In kolleksje mei persoanlik guod dat fan Mata Hari wie, is yn Amsterdam feild foar yn totaal 5.205 euro. In histoarysk weardefolle foto út de neilittenskip fan de bekende Ljouwerter dûnseres en spionne hat 950 euro opsmiten. Op dizze unike foto stiet Mata Hari noch as pjut, om 1878 hinne.
In Yndonezysk kistke dat foar 700 euro feild is © Veilinghuis De Zwaan
It guod is komt úteinlik by de skilder Piet van der Hem (1885-1961) wei. Hy wie in goede freon wie fan Mata Hari, oftewol Margaretha Geertruida Zelle (1876-1917). Wêrom't Van der Hem it guod krigen hat, is net krekt bekend. Mar yn de jierren 20 stapte hy dermei nei de notaris.
In neef fan dizze notaris hat it guod yn bewar krigen en fia him binne de foarwerpen op de feiling bedarre.

Weromfûn op souder

Earder binne der al oare items feild, dy't fiif jier lyn weromfûn waarden. Mar der ûntbruts noch guod dat op in twadde akteside stiene. Dat is dit jier weromfûn op in souder, yn in kleankoer.
De besittingen binne tiisdeitemiddei feild troch feilinghûs De Zwaan yn Amsterdam. Wa't krekt de keapers fan it guod binne, is net bekend. Bysûnder is dat der ek twa 19e-iuwske foto's tusken de njoggen kolleksje-items sieten.

Heit en dochter

Ien fan de cartes-de-visite lit Margaretha Zelle sjen doe't sy noch mar in pjut wie, yn 1878 op de foto set troch de Ljouwerter fotograaf Idanus Hendrikus Slaterus. De oare is yn 1858 ek yn Ljouwert makke, troch Eduard Joseph Fuchs: dêr stiet heit Adam Zelle op.
De folsleine kolleksje bestie út in Yndonezysk kistke mei ûnder oare foarkjes, leppeltsjes, earmbannen en hierklammen (700 euro), in doaske fan koper fan de Keninklike IIsklup yn Ljouwert mei ûnder oare in potlead, neilfyltsje en skjirre (360 euro), in doaske mei earbellen en ringen (675 euro), in foto fan de heit fan Mata Hari (500 euro), in bernefoto fan Mata Hari (950 euro), in swart etwy mei leppels (160 euro), in Yndonezysk gong (500 euro), in offisiersstôk fan hout en sulver (1.100 euro) en in list mei de beskriuwing fan it guod út 1922 (260 euro).