Grinzer frijsprutsen fan smiten fjoerwurk nei Feansupporter

In 24-jierrige man út Grins is frijsprutsen fan it besykjen ta swiere mishanneling by de derby tusken sc Hearrenfean en FC Groningen yn april 2019. In frou krige doe in stik fjoerwurk yn har gesicht dat troch Grinssupporters smiten waard.
It útfak fan FC Grins yn de wedstriid tsjin Hearrenfean, 14 april 2019 © Orange Pictures
De frou rûn in kniesde ûnderkaak op. It Iepenbier Ministearje ferwiet de Grinzer dat er dat stik fjoerwurk smiten hie. De man waard nei de wedstriid yn april 2019 oanholden op basis fan kamerabylden en ferklearringen fan tsjûgen.
It stik fjoerwurk soe smiten wêze troch in grouwe man yn in reade jas. Dy beskriuwing kaam oerien mei de oanholden Grinzer.
By syn oanhâlding hie er lykwols gjin reade, mar in griene jas oan. Dat komt, seit de offisier fan justysje, omdat er syn jas ferwiksele hat mei ien fan syn freonen. Dat wie ek te sjen op de kamerabylden.

'Kin ek in oare fakkel west ha'

Justysje seach genôch bewiis om de man feroardielje te litten en easke in selstraf fan twa moannen. Mar neffens de rjochter docht út it dossier net bliken dat de man de fakkel smiet dy't de frou rekke hat. "Er zijn meer fakkels gegooid en het kan ook een andere fakkel zijn geweest", sei de rjochter.