FNP tsjin ministers: Ryk sjit earnstich tekoart by útfiering taalwet

It Nederlânske regear sjit earnstich tekoart by it útfieren fan de Wet gebrûk Fryske taal. Dat seit de FNP. Yn dy wet út 2014 stiet dat wat yn de rjochtbank en op it gerjochtshôf yn it Frysk sein wurdt ek yn it Frysk notuluearre wurde moat.
It gerjochtshof yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Fan dy ôfspraak is noch neat op 'e hispel kaam en dêrom hat de FNP de ferantwurdlike ministers Sander Dekker en Ferd Grapperhaus formeel mei in oantekene brief 'yn gebreke steld'. De partij die dat tiisdei fanwege it 70-jierrige jubileum fan Kneppelfreed.
"We hawwe dat yn 2014 mei-inoar ôfpraat, mar yn 2021 binne we gjin stap fierder. It is dêrom heech tiid om dit op te pakken", seit foarsitter Sijbe Knol fan de FNP-steatefraksje.

Utstel

By it oannimmen fan de wet yn 2013 hat it regear fiif jier útstel frege en krigen fan de plicht om wat yn it Frysk sein wurdt ek yn dy taal op te skriuwen. Doe is ôfpraat dat Justysje op syn lêst 'binnen fiif jier' hjirmei úteinsette soe en sels ek oanjaan soe wannear.
It falt Knol ôf dat nei sân jier wat yn it Frysk sein wurdt meastentiids net yn it Frysk opskreaun wurdt. "Soks moat fansels struktureel goed regele wêze. Wy tidigje der dêrom op dat neist de kwestje mei it mûnlinge Frysk en de rjochtbanktolken ek it skriftlike Frysk definityf boarge en útfierd wurdt."

Eksposysje Kneppelfreed

Fanwege it jubileum fan Kneppelfreed waard tiisdeitemoarn in lytse eksposysje iepene yn it provinsjehûs mei ûnder oare de orizjinele plysje-unifoarms út dy tiid, foto's, molkbussen en de nedige útlis oer de rjochtsaak tsjin Fedde Schurer en de opskuor op it Saailân yn Ljouwert.
Der wie tiisdei in soad omtinken foar Kneppelfreed:
Dat 70 jier letter it Frysk praten op de rjochtbank wer yn 'e kiif stiet troch it skeel tusken rjochtbanktolken en it ministearje fynt deputearre Sietske Poepjes spitich, mar se giet derfan út dat dit meikoarten oplost wurdt.
Tolken demonstrearje by it gerjochtshôf yn Ljouwert © Omrop Fryslân
"Twa wike lyn binne der nije rjochters ynstallearre by de rjochtbank, dy't út Fryslân komme én Frysk prate. Dêr waard net lakerich oer dien, dat is hiel gewoan by de rjochtbank Noard-Nederlân. Frysk prate is gewoan in rjocht, dêr wie ek de rjochtbankpresidint hiel dúdlik oer", seit de deputearre.

Tolken

Poepjes is fierder fan betinken dat it skeel tusken it ministearje en tolken yn alle talen sa gau mooglik oplost wurde moat. Dat is ek fan belang foar sittingen yn Ljouwert mei rjochters dy't it Frysk net ferstean kinne.
Se besiket sûnt septimber om de ferantwurdlike ministers nei Ljouwert te heljen foar oerlis en it bywenjen fan in foarstelling fan it toanielstik Kneppelfreed, mar dat hat noch net ta in konkrete ôfspraak laat.
Sijbe Knol (FNP) en deputearre Sietske Poepjes (CDA)