Aris wol trochspylje sûnder publyk: "Liever direct door de zure appel bijten"

Basketbalklup Aris út Ljouwert kiest derfoar om de kommende trije wiken de iennige thúswedstriid sûnder publyk te spyljen. Klups út de BNXT League meie derfoar kieze om thúswedstriden troch te skowen, mar dat wol Aris net.
Aris-coach Vincent van Sliedregt © Dijks Fotografie
Yn de trije wiken dat de maatregels jilde, hie Aris twa útwedstriden op it programma. Dy geane net troch: Yoast United en Landstede Zwolle wolle net sûnder publyk spylje.

Foarm fêsthâlde

Aris hat in oar stânpunt: trije wiken hielendal net spylje soe minder wêze as sûnder publyk. Boppedat giet it no goed, seit trainer Vincent van Sliedregt. "Voor een middenmoter hebben we veel momentum nu. We hebben een goed gevoel, we zijn in vorm. Daar willen we op voortborduren."
As it sportyf minder goed gong, dan hie it miskien oars west. "Zo gebruikt elke club in z'n eigen voordeel", seit Van Sliedregt. "Je moet het doen met de keuzes die je hebt."
Ik kom persoonlijk op de koffie om het wedstrijdplan door te spreken bijvoorbeeld.
Vincent van Sliedregt wol de seizoenskaarthâlders dochs beleanje
It wie gjin maklik beslút foar Aris om de wedstriid sûnder publyk te spyljen. Seizoenskaarthâlders reagearje ek net allegear posityf op it nijs. Dat begrypt Van Sliedregt. "Het allerliefst hadden we fans erbij gehad. Ik kan alleen de belofte doen om online zoveel mogelijk aan te bieden. Ik kom persoonlijk op de koffie om het wedstrijdplan door te spreken bijvoorbeeld."
Klups ha ûnderfining mei in lange perioade sûnder wedstriid. Ferline seizoen bygelyks, doe ek fanwegen it coronafirus. Mar in soad wedstriden ynhelje yn koarte tiid, dêr hat Aris ek gjin goede ûnderfiningen mei. Dat smiet foarich seizoen in soad blessueres op.

Nayf om te tinken dat it oer trije wiken foarby is

Boppedat is it mar de fraach oft dizze maatregels oer trije wiken oer binne, oft der dan wol wer publyk by wêze mei. "Dat is naïef om te denken. Je moet daarom op zoek naar oplossingen. We bijten liever direct in de zure appel."