Bysûndere edysje Ljouwerter Krante mei acht bledsiden yn it Frysk

De Leeuwarder Courant is tiisdei foar in part yn it Frysk ferskynd. Foar dy gelegenheid is it regionale deiblêd dan ek omdoopt ta Ljouwerter Krante. It bart it net faak dat de Fryske taal sa prominint op of yn de krante brûkt wurdt.
© Omrop Fryslân
"Wy ha dit as krante ien kear earder dien, dat wie yn juny 2001", seit ferslachjouwer Maria Del Grosso fan de Leeuwarder Courant. "Dat wie it Europeesk jier fan de lytse talen en doe ha we de komplete Ljouwerter Krante yn it Nederlânsk en yn it Frysk útbrocht."

Folslein Frysk net helber

Dat is no net it gefal, der is allinnich in katern fan acht siden yn it Frysk oerset. Del Grosso: "Dat binne benammen de ferhalen út Fryslân, dy't wy sels skriuwe. Net it binnen- en bûtenlânsk nijs, mar ús eigen ekonomysk nijs, ús sportnijs en ús eigen Fryske nijs."
In folslein Fryske edysje wie net helber, fertelt Del Grosso. "We ha no sels gewoan te min ferslachjouwers dy't it Frysk goed behearskje." By it oersetten hat de LC help krigen fan in ploech minsken fan de Fryske Beweging, de Afûk en dosinten Frysk.

Kneppelfreed

De oanlieding om de krante foar in part yn it Frysk út te bringen is dat it tiisdei presys 70 jier lyn is dat Kneppelfreed plakfûn by it gerjochtshôf yn Ljouwert. De LC hat yn it ramt dêrfan ek ûndersyk dien nei it brûken fan it Frysk yn de provinsje.
Neffens Del Grosso stelt in part fan de lêzers it bot op priis dat der mear Frysk brûkt wurdt yn de krante. Oan de oare kant ha in soad minsken muoite mei it lêzen fan de Fryske taal. Dat soarget foar in dilemma.

Lêzerspublyk

"Ut it ûndersyk docht ek wol bliken dat guon sizze: elke dei moat der in artikel kompleet yn it Frysk ferskine. Mar wy moatte dochs ek rekken hâlde mei dy oare kant fan Fryslân, in grutte mearderheid, dy't it net lêze kin", seit Del Grosso.
"Dus dan kieze wy derfoar om artikels dy't echt oer de Fryske kultuer geane, oer in Frysk boek of in Fryske foarstelling, dat we dy yn it Frysk dogge. Omdat je gewoan witte dat der dan ek in lêzerspublyk is dat wierskynlik it Frysk ek wol behearsket."
Maria Del Grosso