Liveblog | 16 novimber 2021

Coronanijs 16 novimber: 728 besmettingen | "1G-testsysteem net helber"

Yn dit liveblog melde we al it Fryske nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 16 novimber 2021, 22:30
22:30

Ein fan de liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
22:13

GGD prikt yn Feanwâlden en Wâlterswâld

20:35

Boekpresintaasjes skrast en ferpleatst

De presintaasje fan de bondel Asman fan Nyk de Vries is fanwegen it oprinnende tal coronabesmettingen skrast. De boekpresintaasje soe woansdeitejûn yn Amsterdam wêze. It is De Vries syn ôfskiedsbondel as Dichter fan Fryslân. De Vries is berne yn Noardburgum, mar wennet no yn Amsterdam.
Ek de boekpresentaasje fan it Franeker Woardeboek dy't tongersdei yn Historisch Centrum Leeuwarden wêze soe, is fan de baan. Dat hat Ut Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers bekend makke. Dizze presentaasje wurdt ferpleatst. In datum is dêrfoar noch net bekend makke.
20:32

Grapperhaus: QR-kontrôle sportkantinen 'onvoldoende'

Demisjonêr minister Ferd Grapperhaus fan Justysje fynt de kontrôle op de QR-koade by sportkantinen 'nog echt onvoldoende' Neffens him giet it wol stadichoan better, mar tefreden is er net. It tal ferieningen dat in boete krigen hat, is neffens him lanlik 'drastisch gestegen.'
18:55

FNV fynt stipepakket te min

Yn neifolging fan de wurkjouwers is ek it fakbûn FNV net bliid mei it coronastipepakket. It fakbûn wol mear stipe foar bygelyks flekswurkers. Troch de beheining yn de iepeningstiden fan winkels en hoareka, reitsje sy har wurk kwyt. It 'uitgeklede steunpakket' foldocht net, sa fynt FNV.
18:44

Pier Eringa fan Open Nederland: "1G-systeem net helber"

In 1G-belied kin net, seit foarsitter Pier Eringa fan Open Nederland, de stichting efter 'Testen voor Toegang.' Dat is dan de 1G fan getest. Eltsenien - faksinearre of net - soe dan teste moatte foar tagong ta bygelyks eveneminten of fuotbalwedstriden. Mar sa'n testbelied is net út te fieren, seit Eringa.
De ChristenUnie kaam mei 1G as suggesje, it soe in alternatyf foar in 2G-beleid wêze kinne. Ek GrienLinks fielt dêr wol foar, sa die tiisdei bliken. Op dit stuit jildt noch in 3G-belied, dat hâldt yn dat minsken dy't gevaccineerd, genezen of koartlyn negatyf getest binne in coronatagongsbewiis krije kinne.
Pier Eringa kin koart wêze oer in 1G-systeem: "As je dan ta wolle nei eltsenien mar teste, dan komme je op sokke grutte oantallen út dat it net te organisearjen is."
Pier Eringa © ANP