Man fan Ida Klijnstra: "Waarom is Ida in koelen bloede gedood?"

15 nov 2021 - 21:04

Bennie Klijnstra, de man fan Ida, hie altyd wol tocht dat der ea in trochbraak komme soe yn it ûndersyk nei de dea fan syn frou. Hy hat noch wol fragen oan de fertochten.

Bennie Klijnstra tinkt dat de fertochte syn gewisse him derta sette himsels oan te jaan:

Moandei waard bekend dat de plysje twa fertochten oanholden hat foar it deasjitten fan Ida Klijnstra yn 2008. It giet om de soannen fan de 52-jierrige man út Frjentsjer dy't sjoen waard as de haadfertochte. Hy deade himsels doe't de plysje him oppakke woe.

De widner fan Ida Klijnstra hat trettjin jier wachte op in trochbraak. Al dy tiid hope de famylje op in berjocht dat de saak oplost wurde soe. Sawat trije wike ferlyn belle it ûndersyksteam mei it goede nijs. Doe't er dat hearde, wie Bennie Klijnstra syn earste reaksje ien fan ferromming: geweldich dat it einliks safier is.

Sjoch hjir nei it folsleine ynterview mei Bennie Klijnstra:

Mar dizze tiid is tagelyk ek hiel dreech, omdat alles weromkomt. Belibbest alles wer sa't it doe wie, seit Klijnstra. It is krekt in film dy't him opnij ôfspilet.

De famylje hat al dy tiid hoop hân. Ek omdat folle mear saken yn Nederlân nei langere tiid dochs oplost wurde. Dan tinkst: Wannear binne wy oan bar?, omskriuwt Klijnstra dat gefoel fan hoop.

Gewisse

Hy hie wol tocht dat de twa eardere fertochten der mear fan wisten. De kâns is grut dat it gewisse opspile hat. Dat se it net mear foar harren hâlde koene. Mar dêr is er net wis fan, want hy moat it hawwe fan wat er heart fan it resjerzjeteam. Dat de fertochte himsels oanjûn hat en in pittige ferklearring ôflein hat, bestjut wol dat der wat oan de hân is.

Klijnstra hopet dat it straks ta in rjochtsaak komt. Sa'n perioade is net maklik, mar hy sjocht der net tsjinop. Nei alles wat se meimakke hawwe mei de moard op Ida en wat der de jierren dêrnei achterwei kaam, dogge se dit gewoan. "Dit gaan we gewoon meemaken."

Fragen

Hy hat noch wol fragen oan de fertochten. De famylje wit dat de oerfallers op jild út wiene. Mar wêrom waarden de Klijnstra's krekt útsocht en "waarom is Ida in koelen bloede gedood?" En wêrom net in wike letter? Doe wiene se foar in pear wiken fuort en hiene de dieven it hiele hûs trochsykje kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)