Plomfeebedriuw Tsjom romme: "Grutte klap foar de boer, net bêst"

It plomfeebedriuw fan Bouma yn Tsjom wurdt moandei romme fanwege fûgelgryp. Goed 122.000 fleispiken wurde deamakke en ôffierd.
By it bedriuw yn Tsjom © Kappers Media
Nei Parregea is de fûgelgrypbesmetting oan de Plattedyk yn Tsjom it twadde gefal yn Fryslân. Dan wie der ek noch fûgelgryp flakby de Fryske grins, yn Lutjegast yn Grinslân.
Yn in straal fan 10 kilometer om it bedriuw yn Tsjom hinne jildt no in ferfiersferbod. It tritichdagenferfiersferbod om Parregea hinne jildt ek noch altyd fanwege de fûgelgrypútbraak dêr op 3 novimber.

Manlju yn giele pakken

Dwers oer de daam by Bouma is readwyt ôfsetlint spand. Op it hiem fan de boer rinne manlju om yn giele pakken. Harren gesichten binne ûnsichtber, want se hawwe gesichtsmaskers op en se sykhelje troch in filtersysteem. Se binne dêr om de fleispiken te romjen.

Tryst oansjen

It is in tryst byld sa't we dat de ôfrûne jierren faker sjoen hawwe. Al in pear jier achterinoar binne der altyd wol bedriuwen dy't troffen wurde troch de fûgelgryp. Hoe goed oft se harren bêst ek dogge om de sykte bûten de doar te hâlden.
Ik haw neat frjemds sjoen. Se binne goed fris, mar it is ôfwachtsjen.
Buorman-plomfeehâlder Atsma oer de kontrôle fan syn eigen hinnen
"Ik haw de stekken op de daam ticht", seit Wilco Atsma. Hy hat in grut plomfeebedriuw op goed in kilometer ôfstân fan Bouma. De bistedokter hat krekt del west om bloed ôf te nimmen. Dat wurdt foar ûndersyk opstjoerd nei Lelystêd. Tiisdei kriget Atsma de útslach: "Ik haw neat frjemds sjoen. Se binne goed fris, mar jo witte it net. It is ôfwachtsjen."
© CAMJO media
Atsma klinkt ûntspand oan de telefoan: "Ik kin my der wol drok om meitsje mar feroarje dochst der near oan. Fansels, it is spannend. Mar feroarje kinst it net." Fierder wol er der net tefolle oer kwyt.

'Net bêst'

Atsma hat benammen begrutsjen mei de troffen Bouma. "Dy wurdt echt hurd rekke. Dat is net bêst."
© CAMJO media
Oan de oare kan fan Tsjom wennet Pieter Sijbesma. Hy stiet ek bekend as 'bioboer Pieter'. Yn 2013 waard de biologyske plomfeehâlder troffen troch fûgelgryp. Syn bedriuw waard romme en hy koe wer opnij begjinne.

Aaien kinne no net nei Dútslân

"It bedriuw sit no eefkes op slot. We falle binnen de 10 kilometer fan it ferfiersferbod", seit Sijbesma. It smyt foar him net in hiel soad problemen op: "Ik sit allinnich mei de aaien. Dy kinne net nei Dútslân. Mar we wurkje oan in oplossing, dat we de aaien nei Noard-Hollân ferfiere kinne. We moatte se allinnich oerpakke en dat jout ekstra wurk. Dan mar, soe ik sa sizze. Eefkes trochpakke."

Folgroeide fleishinnen meie wol ferfierd wurde

It ferfiersferbod duorret tritich dagen. Yn dy tiid is ferfier wol tastien as de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit dêr tastimming foar jout. Dat kin bygelyks mei fleishinnen dy't folgroeid binne. Oars wurde se te grut en kinne se net mear ôflevere wurde. Dêr kin yn oerlis in oplossing foar fûn wurde.

Filtersysteem

De sektor sels skrikt net mear fan in útbraak. It is yn dizze tiid fan it jier hast gewoan. De sektor wurket hurd oan fentilaasjesystemen dy't de lucht goed filterje.

Damp waar yn kombinaasje mei fûgeltrek

Mar sels mei in filtersysteem is in besmetting net altyd út te sluten. It dampige waar fan de ôfrûne dagen is goed foar de fersprieding fan it firus. Dat yn kombinaasje mei de fûgeltrek makket de measte plomfeehâlders der net gerêster op.